mikadogiel
kleurkoördinaten
heksadesimaal#FFC40C
RGBª (r, g, b)(255, 196, 12)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 23, 95, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Mikadogiel of mikadogeel is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan giel. It kin omskreaun wurde as in goudeftige gieltint. De kleur is neamd nei de titel mikado, in oantsjutting foar de keizer fan Japan (dy't trouwens yn Japan sels net brûkt wurdt; dêr sprekt men ynstee fan tennō).

Kleurtechnyk

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is mikadogiel in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren giel en maginta.

Foarkommen

Mikadogiel is de sekuere gieltint dy't brûkt wurdt yn 'e flaggen fan Kolombia en fan Kazachstan (mei Kazachsk blau). It wie fan 1968 ôf ek in standertkleur dêr't auto's fan it Amerikaanske merk Lincoln yn útfierd waarden.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.