Miguel Ferrer
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMiguel José Ferrer
nasjonaliteit Amerikaansk
berne7 febrewaris 1955
berteplakSanta Monica (Kalifornje)
stoarn19 jannewaris 2017
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Portorikaansk
jierren aktyf19812017
prizenSAG Award 2000
offisjele webside
Miguel Ferrer op Twitter

Miguel Ferrer (folút: Miguel José Ferrer; Santa Monica (Kalifornje), 7 febrewaris 1955Los Angeles, 19 jannewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur fan mingd blank en Latino-komôf. Hy stie benammen bekend om syn spyljen fan smjunterollen, lykas Bob Morton, de ûntwerper fan it titelpersonaazje yn 'e film RoboCop, dêr't er yn 1987 mei trochbriek. Oare bekende rollen hie Ferrer yn 'e films Mulan en Rio 2, en yn 'e tillefyzjesearjes Twin Peaks, Crossing Jordan en NCIS: Los Angeles.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Ferrer waard yn 1955 berne yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan akteur en Oscarwinner José Ferrer, dy't fan Portorikaansk komôf wie, en dy syn frou, de sjongster Rosemary Clooney, dy't Dútske, Ierske en Ingelske foarâlden hie. Hy wie de âldste fan fiif bern, mei twa jongere susters, Maria en Monsita, en twa jongere bruorren, Gabriel (dy't letter trouwe soe mei sjongster Debby Boone) en Rafael, dy't krekt as hysels akteur waard. Ferrer wie in folle neef fan akteur George Clooney en in omkesizzer fan 'e sjoernalist Nick Clooney. Hy groeide op yn Hollywood, dêr't er yn syn tinerjierren as drummer yn it bandsje Seduction of the Innocent spile, mei Bill Mumy, Steve Leialoha en Max Allan Collins.

Aktearkarriêre

Ferrer begûn yn 'e iere 1980-er jierren oan in wurkpaad as akteur doe't syn maat Bill Mumy him as drummer caste yn 'e tillefyzjesearje Sunshine. Yn 1981 spile er de jongere foarm fan it personaazje fan syn heit yn 'e detektivesearje Magnum, P.I. en yn 1983 krige er in lyts roltsje taparte as in ober yn 'e film The Man Who Wasn't There. Ek hied er in lyts roltsje yn 'e science fiction-film Star Trek III: The Search for Spock (1984), as de roerman fan 'e U.S.S. Excelsior. Oare lytse roltsjes út syn begjintiid as akteur hie Ferrer yn 'e plysjesearjes Cagney & Lacey en Hill Street Blues.

De trochbraak kaam foar Ferrer yn 1987, doe't er yn 'e satiryske aksjefilm RoboCop de kokaïnesnuvende sakeman Bob Morton spile, it kweade genius efter de ûntwikkeling fan it ta cyborg makke titelpersonaazje. Neitiid wied er faker te sjen yn smjunterollen: as in sinistere motorrider yn Valentino Returns (1988), in oeriverige yngenieur yn DeepStar Six (1989), en in fernimstige figilante yn Revenge (1990). Fierders spile er ek yn 'e filmkomeedzje Hot Shots! Part Deux (1993), mei Charlie Sheen, en yn 'e minysearje The Stand (1994), nei in boek fan Stephen King. Yn 'e horrorfilm The Night Flier (1997), oer in al te nijsgjirrige sjoernalist dy't in fampier efter de hakken sit, hie Ferrer de haadrol.

Begjin 1990-er jierren wie Ferrer te sjen yn trije populêre tillefyzjesearjes tagelyk: as ofsier fan Justysje Todd Spurrier yn Shannon's Deal (1989-1991), as de Keedjun-plysjeman Beau Jack Bowman yn Broken Badges (1990-1991) en as de synyske gerjochtlik ûndersiker foar de FBI Albert Rosenfield yn 'e cultsearje Twin Peaks. Dy lêste rol spile fertolke Ferrer ek yn 'e film Twin Peaks: Fire Walk with Me (1992).

Yn 'e pilotôflevering foar de mislearre searje Justice League of America, út 1997, spile Ferrer in supersmjunt dy't himsels 'de Waarman' (the Weatherman) neamde. Letter datselde jiers liende er syn stim oan in ferlykber personaazje, de 'Waartsjoender' (Weather Wizard), yn 'e ôflevering Speed Demons fan 'e tekenfilmsearje Superman: The Animated Series. Yn 1999 spriek er de dialooch yn foar de superheld Aquaman yn 'e ôflevering A Fish Story fan deselde searje. Letter dat jiers waard er nominearre foar in Grammy Award foar it foarlêzen fan it bêste audioboek foar bern, ntl. The Lion King II, fan 'e Disney Studios. Syn bekendste wurk as stimakteur hie Ferrer lykwols yn 'e Disney-film Mulan, út 1997, wêryn't er de rol fan 'e Hunske lieder Shan Yu fertolke.

Miguel Ferrer yn 2015.

Yn 'e tillefyzjesearje Crossing Jordan, dy't rûn fan 2001 oant 2007, spile Ferrer de rol fan dokter Garret Macy, in patolooch-anatoom. Yn 2003 makke er syn debút as toanielakteur yn New York yn 'e off-Broadwayproduksje fan it toanielstik The Exonerated. It jiers dêrop wied er as stimakteur belutsen by de produksje fan it fideospultsje Halo 2. Fierders died er voice-overwurk foar de tekenfilmsearjes Robot Chicken yn 2006 en American Dad! yn 2007.

Yn 2011 spile Ferrer yn it plysjedrama The Protector de rol fan 'e Los Anzjelynske plysjeresjersjeur Felix Valdez. Fierders hied er datselde jiers in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e soapsearje Desperate Housewives. Yn 2012 hied er in weromkearende rol as adjunkt direkteur Owen Granger fan 'e NCIS (de eigen resjerzje fan 'e Amerikaanske Marine) yn 'e plysjesearje NCIS: Los Angeles. Dy rol waard yn 2013 omset ta in fêstenien, sadat Ferrer in fêst lid fan 'e cast waard. Dat soed er bliuwe oant syn ferstjerren. Ek wurke er mei oan 'e superheldefilm Iron Man 3, út 2013, en wied er noch te sjen yn 'e revival fan 'e searje Twin Peaks yn 2017.

Ferstjerren

Miguel Ferrer kaam op 19 jannewaris 2017 yn syn wente yn Los Angeles te ferstjerren oan kielkanker. Hy waard 61 jier.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1981Magnum, P.I.faandrich Bobby Wickesgastrol; ôfl. Lest We Forget
1982Trapper John, M.D.Darby Thudgastrol; ôfl. A Piece of the Action
1983CHiPsBeangastrol; ôfl. Firepower
1983Trapper John, M.D.dokter Austingastrol; ôfl. Hear Today, Gone Tomorrow
1984Cagney & LaceyNunziogastrol; ôfl. Choices
1984Hill Street BluesCarlosgastrol; ôfl. Ewe and Me, Babe
1985T.J. HookerSonny Ungergastrol; ôfl. Love Story
1985Trapper John, M.D.traumateamdoktergastrol; ôfl. All the King's Horses…
1987Houston KnightsVirgiliogastrol; ôfl. Scarecrow
1987CBS Summer PlayhouseMicgastrol; ôfl. Kung Fu: The Next Generation
1987HotelBriangastrol; ôfl. All the King's Horses
1987OharaKramergastrol; ôfl. Artful Dodgers
1987Downpayment on MurderMartintillefyzjefilm
1988HoopermanScott Kapusgastrol; ôfl. Chariots of Fire
1988C.A.T. Squad: Python WolfPaul Kileytillefyzjefilm
1988Badlands 2005Rexpilotôflevering
1987 & 1989Miami Viceofsier fan justysje Ramon Pedrozaweromkearende rol; 2 ôfl.
1989Guts and Glory: The Rise and Fall of Oliver NorthScott Toneytillefyzjefilm
1989Shannon's DealTodd Spurriertillefyzjefilm
1990Drug Wars: The Camarena StoryTony Rivaweromkearende rol; 3 ôfl.
1990Tales from the CryptMitch Brucknergastrol; ôfl. The Thing from the Grave
1990–1991Twin PeaksFBI-agint Albert Rosenfieldweromkearende rol; 8 ôfl.
1990–1991Shannon's Dealofsier fan justysje Todd Spurrierweromkearende rol; 9 ôfl.
1990–1991Broken BadgesBeau Jack Bowmanweromkearende rol; 7 ôfl.
1991Murder in High PlacesWilhoitetillefyzjefilm
1992On the AirBud Budwallerfêste rol; 7 ôfl.
1992In the Shadow of a Killer ofsier fan justysje Steven Walzertillefyzjefilm
1992Cruel DoubtLewis Youngweromkearende rol; 2 ôfl.
1993ScamBarry Landerstillefyzjefilm
1993Tales from the Crypthiermoardnergastrol; ôfl. As Ye Sow
1994Biographyn.f.t.as ferteller; ôfl. Bruce Lee: The Immortal Dragon
1994RoyceGribbontillefyzjefilm
1994The StandLloyd Henreidminysearje
1994Incident at Deception RidgeRay Hayestillefyzjefilm
1994ERParkergastrol; ôfl. 24 Hours
1994Tales from the CryptGarygastrol; ôfl. In the Groove
1994Jack Reed: A Search for JusticeWin Cartertillefyzjefilm
1994A Promise Kept: The Oksana Baiul StoryStanislavtillefyzjefilm
1995The Return of Hunter: Everyone Walks in L.A.Jack Valkotillefyzjefilm
1995In the Line of Duty: Hunt for JusticeThomas Manningtillefyzjefilm
1995Fallen AngelsAbbazziaweromkearende rol; 6 ôfl.; ek ferteller fan 'e prolooch
1996Project ALFDexter Moyerstillefyzjefilm
1997Justice League of AmericaDr. Eno / Weather Manpilotôflevering
1997Superman: The Animated SeriesWeather Wizardas stimakteur; gastrol; ôfl. Speed Demons
1997The ShiningMark James Torranceas stimakteur; gastrol; ôfl. s1.e2
1997Superman: The Animated SeriesDe'Cineas stimakteur; gastrol; ôfl. Warrior Queen
1998Brave New Worlddirekteur fan Utbrieding en Conditioningtillefyzjefilm
1998Men in Black: The Seriesdr. Lupoas stimakteur; gastrol; ôfl. The Take No Prisoners Syndrome
1998HerculesAntéusas stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Hostage Crisis
1998–1999LateLineVic Karpfêste rol; 17 ôfl.
1999Superman: The Animated SeriesAquamanas stimakteur; gastrol; ôfl. A Fish Story
1999Will & GraceNathan Berrygastrol; ôfl. Saving Grace
20003rd Rock from the SunJackgastrol; ôfl. Youth Is Wasted on the Dick
2001Matisse & Picasso: A Gentle RivalryPablo Picassoas stimakteur; tillefyzjespecial
2001–2007Crossing Jordandokter Garret Macyfêste rol; 117 ôfl.
2002Shadow Realmdokter Daniel Critchleytillefyzjefilm
2002Night Visionsdokter Dan Critchleygastrol; ôfl. Patterns
2002Sightings: Heartland GhostAllentillefyzjefilm
2003L.A. County 187brigadier Walter Drazintillefyzjefilm
2003–2004Jackie Chan AdventuresTarakudo / Shadowkhan Kingas stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl.
2006Robot ChickenDanny Ocean / Basher Tarras stimakteur; gastrol; ôfl. 1987
2007American Dad!CIA-agint Hopkinsas stimakteur; gastrol; ôfl. American Dream Factory
2007El Tigre: The Adventures of Manny RiveraEl Tigreas stimakteur; gastrol; ôfl. The Grave Escape
2007Bionic WomanJonas Bledsoeweromkearende rol; 9 ôfl.
2007The BatmanSinestroas stimakteur; gastrol; ôfl. Ring Toss
2008MediumJoey / Teddy Carmichaelgastrol; ôfl. Being Joey Carmichael
2008Law & Order: Criminal IntentGus Kovakgastrol; ôfl. Ten Count
2009The Spectacular Spider-ManSilvio Manfredi / Silvermaneas stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009CSI: Crime Scene Investigationabbekaat Whittengastrol; ôfl. Miscarriage of Justice
2009Kingsgeneraal Mallickgastrol; ôfl. Prosperity
2009Lie to MeFBI-agint Bill Steelegastrol; ôfl. Tractor Man
2010PsychFred Collins Boydgastrol; ôfl. Think Tank
2010Edgar FloatsBobpilotôflevering
2011Ben 10: Ultimate Alienmagister Hulkaas stimakteur; gastrol; ôfl. Basic Training
2011ThunderCatsduëlistas stimakteur; gastrol; ôfl. The Duelist and the Drifter
2011The Protectorynspekteur Felix Valdezfêste rol; 13 ôfl.
2011Desperate HousewivesAndré Zellerweromkearende rol; 5 ôfl.
2012Applebaumresjersjeur Pepper Ferrerpilotôflevering
2010–2011Young JusticeL-1as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2013Young JusticeVandal Savageas stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl.
2011–2014Adventure Timede Deaas stimakteur; 4 ôfl.
2012–2017NCIS: Los Angelesadjunkt-direkteur Owen Granger fan 'e NCIS  fêste rol; 115 ôfl.
2017Twin PeaksFBI-agint Albert Rosenfield11 ôfl.; postúm útstjoerd
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje
2017–2018Stretch Armstrong and the Flex FightersStretch Monsteras stimakteur; fêste rol; 10 ôfl.; postúm útstjoerd
films
1982Truckin' Buddy McCoyPete
1982And They Are Offûnbekend
1983HeartbreakerAngel
1983The Man Who Wasn't Thereober
1984Star Trek III: The Search for Spockroerman fan 'e USS Excelsior
1984FlashpointRoget
1984LovelinesDragon
1987RoboCopBob Morton
1989Deepstar SixSnyder
1989Valentino Returnsmotorrider
1990RevengeAmador
1990The GuardianRalph Hess
1992Twin Peaks: Fire Walk with MeFBI-agint Albert Rosenfield
1992The HarvestCharlie Pope
1993Cigarettes & CoffeeBillkoarte film
1993Point of No Returndirekteur Kaufman
1993Hot Shots! Part Deuxluitenant-kolonel Harbinger
1993Another StakeoutTony Castellano
1993It's All True: Based on an Unfinished Film by Orson Wellesn.f.t.voice-over; dokumintêre
1994Blank CheckCarl Quigley
1997The Disappearance of Garcia LorcaCenteno
1997The Night FlierRichard Dees
1997Mr. MagooOrtega Peru
1998MulanShan Yuas stimakteur
1998Where's Marlowe?Joe Boone
2000TrafficEduardo Ruiz
2002Sunshine StateLester
2004The Manchurian Candidatekolonel Garret
2004Silver CityCliff Castleton
2005The ManCIA-agint Peters
2008Justice League: The New FrontierJ'onn J'onzz / Martian Manhunteras stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2009Wrong Turn at TahoeVincent
2010Hard Ride to HellJefe
2011This Is Not a Movieûnbekendas stimakteur
2011Beverly Hills Chihuahua 2Delgadoas stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2011Four AssassinsEli
2012NoahKabosas stimakteur
2012The CourierCapo
2012Beverly Hills Chihuahua 3: Viva la Fiesta!Delgadoas stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2013Iron Man 3fise-presidint Rodriguez
2014Rio 2Grutte Baasas stimakteur
2017Teen Titans: The Judas ContractSlade Wilson / Deathstrokeas stimakteur; postúm direkt-op-fideo útbrocht
fideospultsjes
1998Disney's Animated Storybook: MulanShan Yu
2004Halo 2lieder fan 'e Ketters
2013Adventure Time: Explore the Dungeon Because I Don't Know!de Dea
fideoclips
1986Pizza Facemannûmer fan Barnes & Barnes
1995I Will Remembermannûmer fan Toto

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.