Miehlen
Protestantske Nikolaastsjerke (Koer 2e helte 13e iuw, barok skip en útwreiding yn 1924)
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
LandkreisRhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal1.954 (31-12-2016)
Oerflak1.974 km²
Befolkingstichtens130 /km²
Hichte217 m. boppe seenivo
Oar
StiftingMidsiuwen (ierste fermeld.: 1131)
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten50°13′31″N 7°49′54″E
Websidewww.miehlen.de

Miehlen is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It makket diel út fan de Rhein-Lahn-Kreis.

Bestjoer

Miehlen is in saneamde Ortsgemeinde yn de Verbandsgemeinde Nastätten.

Johannes Bückler

De ferneamste ynwenner fan Miehlen hat nei alle gedachten Johannes Bückler west (berne yn de hjerst fan 1779 yn Miehlen en ferstoarn op 21 novimber 1803 yn Mainz). Bückler hie de bynamme Schinnerhannes of Schinderhannes en wie in krimineel, dy't yn alle gefallen 211 misdieden op syn namme hie stean. Hy makke him fral skuldich oan stellerij, sjantaazje en rôfoerfallen, mar ek rôfmoard en moardzjen waarden bewiisd. Nei syn feroardieling waard Bückler ûnder grutte belangstelling fan it folk op 20 novimber 1803 mei 19 fan syn helpers troch de falbile yn Mainz eksekutearre. Yn it bertehûs fan Bückler oan de Hauptstraße 60 is in bibleteek ûnderbrocht, dy't besocht wurde kin.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.