De lokaasje fan it Midwesten yn 'e Feriene Steaten.

It Midwesten, it Amerikaanske Midwesten of de Midwestlike Feriene Steaten is in ynformele geografyske regio fan 'e Feriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde de steaten Ohio, Indiana, Illinois, Michigan, Wiskonsin, Minnesota, Iowa, Missoery, Kansas, Nebraska, Súd-Dakota en Noard-Dakota beflapt. Dêrfan hat Illinois de grutste befolking en Noard-Dakota de lytste. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2012 hie it hiele Midwesten doe krapoan 65,4 miljoen ynwenners. It gebiet falt yn twa grutte kriten útinoar: de regio fan 'e Grutte Marren yn it easten (mei Ohio, Indiana, Illinois, Michigan, Wiskonsin en Minnesota), en de noardlike Grutte Flakten yn it westen (mei Noard- en Súd-Dakota, Nebraska, Kansas, Iowa en Missoery).

It Midwesten sa't de measte minsken har dat foarstelle: in plattelânsdykje yn Iowa.

De grutste stêd yn it gebiet is Chicago, yn Illinois, folge troch Indianapolis (Indiana), Kolumbus (Ohio), Detroit (Michigan), Milwaukee (Wiskonsin), Kansas City (Missoery), Omaha (Nebraska), Minneapolis (Minnesota), Cleveland (Ohio), Wichita (Kansas) en St. Louis (Missoery). Wat stêdekloften oanbelanget, is Chicago mei syn foarstêden mei 9,8 miljoen ynwenners ek it grutste, folge troch Detroit mei foarstêden en dan de Twillingstêden Minneapolis-Sint-Paul.

Ekonomysk wifket it Midwesten tradisjoneel tusken swiere yndustry (yn en om 'e stêden) en lânbou (op it plattelân), wylst de lêste desennia it bank- en fersekeringswêzen en de farmaseutyske yndustry der ek sterk yn opkomst binne. Fan âlds stiet it Midwesten lykwols bekend as de nôtskuorre fan Noard-Amearika, en de measte minsken tinke by it hearren fan 'e namme dan ek oan fredige plattelânstafrielen mei wiuwende nôtfjilden of heech opsketten maïs. Yn polityk opsjoch feroaret it grutste part fan it Midwesten nochal ris fan foarkar, en de geunst fan 'e Midwestlike kiezer wurdt dan ek fûleindich befochten troch de Demokraten en de Republikeinen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Further reading en Primary sources, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.