Midsimmertwirre
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Aldeboarn
holden yn4 lokaasjes (sjoch tekst)
datum23 juny 2018
bysûnderheden
soarte evenemintmuzykfestival
sjenreferskaat
org. trochPaulus Folkertsma Stichting
en Stifting Aldeboarn Foarút
offisjele webside
www.paulusfolkertsma.nl

Midsimmertwirre wie in iendeisk muzykfestival foar ien kear, dat op sneon 23 juny 2018 holden waard yn it Fryske doarp Aldeboarn. Mei dit evenemint waarden libben en wurk fierd fan 'e Fryske komponist Paulus Folkertsma (1901-1972), dy't jierrenlang yn Aldeboarn wenne.

Beskriuwing

Midsimmertwirre waard organisearre troch de Paulus Folkertsma Stichting, dy't de muzikale neilittenskip fan Paulus Folkertsma op 'e noed hat, yn gearwurking mei de Stichting Aldeboarn Foarút. Doe't de Boarnsters yn it foarjier fan 2018 fia Aldeboarn Foarút nije strjitferljochting krigen, mochten se dêroan in kultureel evenemint fan harren eigen kar keppelje. Hja keazen foar de muzyk fan harren âld-doarpsgenoat Folkertsma yn 'e foarm fan Midsimmertwirre.

It festival bestie út fjouwer beskieden konserten op fjouwer ferskillende lokaasjes, wêrby't it publyk groepgewiis fan lokaasje wiksele. De konserten waarden jûn yn 'e Flintertún fan Aldeboarn, de tún fan 'e Dokterswente, de Doelhoftsjerke en de Minnistetsjerke, en waarden fersoarge troch û.o. pianist Johan Bijhold, tenoar Albert Bonnema, fioeliste Marieke de Bruijn (fan it Vondel Kwartet) en jazzmuzikant Wiebe Kaspers. Foarôf en healwei, yn it skoft fan 'e konsertrige, spile fierders Muzykkorps Concordia op in pream yn 'e Boarn ferskate marsen fan Folkertsma.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nammensma, Rudolf, Een Minifestival Rond Paulus Folkertsma, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2018, s. 26.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.