Michelle Yeoh
akteur
Michelle Yeoh yn 2007.
Michelle Yeoh yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMichelle Yeoh Choo-Kheng
nasjonaliteit Maleizysk
berne6 augustus 1962
berteplakIpoh (Maleizje)
etnisiteit Sineesk
reg. identiteitHokkineesk
jierren aktyf1984 – no
prizenOscar 2023
offisjele webside
gjint

Tan sri Michelle Yeoh (folút: Michelle Yeoh Choo-Kheng; Tradisjoneel Sineesk: 楊紫瓊; Ferienfâldige Sineesk: 杨紫琼; Mandarynske transliteraasje: Yáng Zǐqióng; Kantoneeske transliteraasje: Joeng4 Zi2-king4) (Ipoh, 6 augustus 1962) is in Maleizysk aktrise, model en dûnseresse fan etnysk Hokkineesk-Sineesk komôf, dy't yn har ierdere wurk wol de artystenamme Michelle Khan brûkt hat. Hja wie Miss Maleizje yn 1983 en krige bekendheid trochdat hja yn Hongkongske aksjefilms út 'e jierren njoggentich har eigen stunts die. Har grutste súkses as aktrise wie har rol yn 'e bekroande Sineesktalige film Crouching Tiger, Hidden Dragon. Yn it Westen rekke se benammen bekend troch har rol as Bond girl yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies. Sûnt 2017 hie se in weromkearende rol yn 'e nije Star Trek-tillefyzjesearje Star Trek: Discovery. Yn 2023 wûn se de Oscar foar bêste aktrise foar har haadrol yn it absurdistyske komeedzjedrama Everything Everywhere All at Once.

Jonkheid en oplieding

Yeoh waard yn 1962 berne yn Ipoh, yn 'e Maleizyske dielsteat Perak, as de dochter fan Yeoh Kian Geik en dy syn frou Janet Yeoh. Har heit wie abbekaat en politikus fan 'e MCA, de partij fan 'e Sineeske etnyske minderheid yn Maleizje. Al ier wie Yeoh sljocht nei dûnsjen, en op har fjirde gie se op ballet. Doe't se fyftjin jier wie, emigrearre se mei har âldelju nei Ingelân, dêr't se op in kostskoalle kaam. Letter studearre se oan 'e Royal Academy of Dance, te Londen, mei as haadrjochting ballet. In rêchblessuere hold har ôf fan in karriêre as ballerina, dat se konsintrearre har úteinlik fral op goreografy. Se behelle in bachelortitel yn 'e poadiumkeunsten (creative arts), mei as byfak toaniel.

Karriêre

Yn 1983, doe't se 21 jier wie, wûn Yeoh de Miss Maleizje-skientmewedstryd, en datselde jiers fertsjintwurdige se Maleizje op 'e Miss World-wedstryd te Londen. Neitiid wurke se as fotomodel en makke se ek in reklamespotsje mei Jackie Chan, wêrmei't se de oandacht loek fan D&B Films, de Hongkongske filmproduksjemaatskippij fan Dickson Poon, mei wa't se letter trouwe soe. Sa sette se útein mei in karriêre as aktrise yn Sineesktalige aksje- en fjochtsportfilms, lykas Yes, Madam (1985) en Magnificent Warrior (1987). Dêrby foel se op om't se, oars as oare aktrises, almeast har eigen stunts die. Doe't se yn 1987 mei Poon troude, joech se har karriêre deroan, mar nei't it houlik yn 1992 op in skieding útrûn wie, makke Yeoh in comeback.

Yn 'e jierren njoggentich spile se yn grutte Hongkongske produksjes as Police Story 3: Super Cop (1992), The Heroic Trio (1993), Tai Chi Master (1994) en Wing Chun (1994). Dêrby hie se it probleem dat se gjin Kantoneesk spriek, wat de fiertaal is yn Hongkong; by Yeoh thús waard Hokkineesk sprutsen, in oare Sineeske taal, en fierders Ingelsk en Maleisk. De dialooch fan har films moast se sadwaande fonetysk út 'e holle leare.

Yn it Westen krige Yeoh bekendheid doe't se yn 1997 de Bond girl Lin Wai spile yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies, wêrby't se de tsjinspylster fan Pierce Brosnan wie. Har grutste súkses hie Yeoh yn 2000 mei har rol as Yu Shu Lien yn 'e mei ûnderskate Oscars bekroande Kantoneesktalige wuxiafilm Crouching Tiger, Hidden Dragon. Sels sleepte se foar dy rol û.m. in nominaasje yn 'e wacht foar in BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis. Yn 2005 spile se in haadrol as de geisha Mameha yn 'e histoaryske film Memoirs of a Geisha. Oare films wêryn't Yeoh de haadrol fertolke, wiene it Ingelsktalige The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008), mei Brendan Fraser en Jet Li, en de Sineeske fjochtsportfilm Reign of Assassins (2010).

Yn 2011 spile se Nobelpriiswinneresse Aung San Suu Kyi, yn 'e biografyske film The Lady, wêrfoar't se yn Birma ta persona non grata ferklearre en it lân útset waard. Datselde jiers wie se ek as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Kung Fu Panda 2. Yeoh spile yn 2016 yn Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny, it ferfolch op 'e súksesfilm út 2000. Oare films fan har út 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren wiene û.m. it komeedzjedrama Crazy Rich Asians (2018) en de krystfilm Last Christmas (2019). Yn 'e Amerikaanske superheldefilm Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017) hie se in cameo.

Op 'e tillefyzje wie Yeoh yn 2015 yn in weromkearende rol te sjen as in Noardkoreaanske spionne yn 'e aksjesearje Strike Back: Legacy. In oare weromkearende rol hie se yn it twadde seizoen (2016) fan 'e histoaryske searje Marco Polo. Fan 2017 oant 2020 spile se de rol fan kaptein Philippa Georgiou yn sechstjin ôfleverings fan 'e science fiction-searje Star Trek: Discovery. Yn deselde rol wie se ek te sjen yn 'e ôflevering The Brightest Star fan 'e searje Star Trek: Short Treks, en der binne plannen om in nije Star Trek-searje om har hinne te meitsjen, hoewol't dêr anno 2023 noch gjin titel fan bekend is.

Yn 2021 spile Yeoh de rol fan Ying Nan yn 'e superheldefilm Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings. Yn 2022 hie se as Evelyn Wang de haadrol yn it absurdistyske komeedzjedrama Everything Everywhere All at Once, wêrfoar't se yn 2023 de Oscar yn 'e kategory bêste aktrise wûn. Se wie ek as útfierend produsinte by dyselde film belutsen. As stimaktrise wie se behelle yn 'e animaasjefilms Minions: The Rise of Gru en Paws of Fury: The Legend of Hank, beide út 2022. Yeoh spile ek Airazor yn 'e fantasyfilm Transformers: Rise of the Beasts (2023) en dokter Karina Mogue yn 'e oankommende science fiction-film Avatar 3.

Erkenning

Yn 2007 waard oan Yeoh troch de doetiidske Frânske presidint Jacques Chirac de heechste Frânske ûnderskieding, it Légion d'Honneur, takend. Op 1 juny 2013 waard har de Maleiske Panglima Setia Mahkota (PSM) ferliend, in ûnderskieding dy't har it rjocht jout om it predikaat tan sri (ferlykber mei it Britske dame) foar har namme te dragen.

Priveelibben

Yeoh wie fan 1987 oant 1992 troud mei de Hongkongske ûndernimmer en filmprodusint Dickson Poon, en bemachtige sa de Hongkongske nasjonaliteit. Yn july 2008 fertelde se yn in fraachpetear op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder CBS dat se doe ferloofd wie mei Jean Todt, in foaroansteand motorkoereur. Anno 2021 binne se noch altyd byinoar, mar hawwe se gjin plannen om te trouwen. Fierders is bekend dat Yeoh in boedist is. Ek is se belutsen by it Save China's Tigers-projekt, dat besiket om 'e slim bedrige Súdsineeske tiger fan it útstjerren te rêden.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1984The Owl vs Bombomejuffer Yeung
1985Twinkle, Twinkle Lucky Starsjudoleararessecameo
1985Yes, Madamynspekteur Ngek bekend as Police Assassins
nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste nijynkommelinge
1986Royal Warriorsynspekteur Michelle Yipek bekend as Wong Ga Jin Si
1987Magnificent WarriorsFok Ming-Mingek bekend as Dynamite Fighters
1987Easy MoneyMichelle Yeung Lingek bekend as Tong Tian Da Dao
1992Police Story 3: Super Copynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua
1993The Heroic TrioChing / ûnsichtbere frou / nû. 3
1993Butterfly and Swordfrouwe Ko
1993ExecutionersChing / San / Carol
1993Holy WeaponChing Sze / To Col Ching
1993Once a Copynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua
1993Tai Chi MasterSiu Lin / Qiu Xue ("Autumn Snow")
1994Shaolin Popey 2 – Messy TempleAh Kingek bekend as Shao Lin Xiao Zi II: Xin Wu Long Yuan
1994Wonder SevenFong Yingek bekend as 7 Jin Gong
1994Wing ChunYim Wing-Chun
1996The Stunt WomanAh Kamek bekend as A Jin De Gu Shi
1997The Soong SistersSoong Ai-lingnom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste byrol fan in aktrise
1997Tomorrow Never DiesLin Wainom. foar de MTV Movie Award foar bêste gefjocht
1999Moonlight ExpressSis Michelleek bekend as Sing Yuet Tung Wa
2000Crouching Tiger, Hidden DragonYu Shu Liennom. foar de BAFTA foar bêste aktrise
nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste akrise
nom. foar de Saturn Award foar bêste aktrise
2002The TouchPak Yin Fay
2004Silver HawkLulu Wong / The Silver Hawkek filmprodusinte en útfierend produsinte
2005Memoirs of a GeishaMameha
2006Fearlessmejuffer Yangallinne yn 'e director's cut
2007SunshineCorazon
2007Far NorthSaiva
2008The Children of Huang Shifrou Wang
2008Babylon A.D.suster Rebeka
2008The Mummy: Tomb of the Dragon EmperorZi Yuan
2008Purple Mountainn.f.t.dokumintêre
2010True Legendsuster Yu
2010Reign of AssassinsZeng Jing / Xi Yu (Drizzle)ek bekend as Jianyu of Jianyu Jianghu
nom foar de Asian Film Award foar bêste aktrise
nom. foar de People's Choice Award foar bêste aktrise
2011Kung Fu Panda 2wiersizzeresseas stimaktrise
2011The LadyAung San Suu Kyi
2012Pad Yatra: A Green Odysseyn.f.t.dokumintêre; útfierend produsinte
2013Final RecipeJulia Lee
2016Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of DestinyYu Shu Lien
2016Mechanic: ResurrectionMei
2016Morgandr. Lui Cheng
2017Guardians of the Galaxy Vol. 2Aleta Ogordcameo
2018Crazy Rich AsiansEleanor Young
2018Master Z: The Ip Man LegacyTso Ngan Kwan
2019Last ChristmasSanta / Huang Qing Shin
2021Boss LevelDai Feng
2021Gunpowder MilkshakeFlorence
2021Shang-Chi and the Legend of the Ten RingsYing Nan
2022Everything Everywhere All at OnceEvelyn Wangek útfierend produsinte
Oscar foar Bêste Aktrise
2022Minions: The Rise of GruMaster Chowas stimaktrise
2022Paws of Fury: The Legend of HankYukias stimaktrise
2022The School for Good and Evilprof. Emma Anemone
2023Transformers: Rise of the BeastsAirazoras stimaktrise
2023A Haunting in Venice...
2024Avatar 3dr. Karina Mogue
2024Wicked: Part OneMadame Morrible
2024The Tigre Apprenticefrou Leeas stimaktrise
2025Wicked: Part TwoMadame Morrible
2026Avatar 4dr. Karina Mogue
tillefyzje
2015Strike Back: LegacyMei Foster / luitenant-kolonel Han Li Naweromkearende rol, 9 ôfl.
2016Marco PoloLotusweromkearende rol, seizoen 2 (7 ôfl.)
2017–2020Star Trek: Discoverykaptein Philippa Georgiou
keizerinne Philippa Georgiou (spegelhielal)
weromkeardende rol, 16 ôfl.
nom. foar de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje
2018Star Trek: Short Treksluitenant Philippa Georgiou1 ôfl., The Brightest Star
2023The Witcher: Blood OrigenScíanweromkearende rol; 4 ôfl.
2023Ark: The Animated SeriesMei-Yin Lias stimaktrise
2023American Born ChineseGuanyinfêste rol
2023The Brothers SunEileenminysearje fan Netflix
202?Star Trek-Section 31-searje (noch sûnder titel)Philippa Georgiou
fideospultsjes
2003Crouching Tiger, Hidden DragonYu Shu Lienas stimaktrise
2008The Mummy: Tomb of the Dragon EmperorZi Yuanas stimaktrise

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.