Michail Lomonosov

Michail Vasilevitsj Lomonosov (Russysk: Михаил Васильевич Ломоносов) (Denisovka (Gûvernemint Archangelsk), 19 novimber 1711Sint-Petersburch, 15 april 1765) wie in Russyske skiekundige, astronoom, geolooch, wiskundige, skriuwer, histoarikus en taalkundige.

As bern fan in liifeigene rûn er 1.000 kilometer om te studearjen yn Moskou. Fanwege syn universele ûntjouwing en it nimmen fan de foarstap op ferskate wittenskiplike mêden, jildt er as heit fan de moderne wittenskip yn Ruslân. Fan 1736 oant 1741 wie er yn Marburch. Yn 1744 stifte er de keizerlike porseleinfabryk yn Ruslân. Yn 1745 waard er de earste professor yn de gemy oan de akadeemje foar wittenskippen yn Sint-Petersburch. Lomonosov rjochte it earste gemy-laboratorium fan Ruslân op yn 1748. Yn 1755 wie er mei-oprjochter fan de Universiteit fan Moskou.

Syn wittenskiplik mêd wie: natuerkunde, gemy, mineralogy, skiednis, optyske apparaten, keunst en letterkunde.

Hy waard troch Poesjkin it lêste universele sjeny fan de Russyske kultuer neamd.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mikhail Lomonosov fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.