Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
De mezzotint, ek wol swarte keunst (of swartekeunst) neamd, wie om 1650 hinne in nije grafyske technyk.
Technyk
By de mezzotint waard earst de hiele koperplaat rûch makke mei in (berceau), in ynstrumint mei in waaierfoarmige, kartele kop dy’t rigen dobkes en braam op de koperplaat efterliet. Op it min ofte mear rûge oerflak hechtet de inket. De plaat wurdt hielendal mei inket beklaaid, dêrom de beneaming swarte keunst. Dan wurdt de tekening mei bygelyks read kryt oerbrocht op de plaat. Om in foarstelling oan te bringen wurde guon parten fan de rûchmakke plaat mei in skraabizer (polyststiel) glêd makke. Op dy plakken pakt de inket net mear evenredich en ûntsteane by de ôfdruk dus ljochte partijen. Troch mear of minder te polysten is it mooglik om ferskate griistoanen, ofwol healtoanen, te krijen, dêrom de namme mezzo (heal) tint. It ien en oar hinget fan de kundigens fan de graveur/etser ôf. De technyk makket floeiende oergongen mooglik tusken de ferskate griistoanen. Dêrtroch jouwe ôfdrukken in fluwielen yndruk.
Skiednis
It mezzotint-prosedee waard útfûn troch de Dútske beropsmilitêr Ludwig von Siegen (1809-±1680). Syn earste mezzotintdruk is fan 1642 en is in portret fan Emelia Elizabeth, Lângrafinne fan Hesse-Cassel. Dat portret waard makke yn de ljocht nei donker metoade.
It Berceau skynt útfûn te wêzen troch Prins Rupert, in ferneamde kafalerybewâldhawwer yn de Ingelske Boargeroarloch, dy’t it proses yn Ingelân yntrodusearre. Yn de Nederlannen makken Wallerant Vaillant en Abraham Blooteling dy technyk bekend. De hôfskilder Peter Lely seach de potinsje om mei mezzotinten syn portretten in ûnbidige bekendheid te jaan en moedige in tal Nederlânske printmakkers oan om nei Ingelân te kommen. It proses waard dêrnei oant de midden fan de 18e iuw foaral brûkt yn Ingelân om portretten en oare skilderijen te reprodusearjen. Sûnt de 18e iuw is it in betreklik bytsje brûkt. Robert Kipniss en Peter Ilsted binne twa opmerklike 20e-iuwske eksponinten fan de technyk. Ek I.M.C. Escher brûkte de mezzotechnyk bytiden.
It wurdt mezzotinkt is ôflaat út it Italjaanske mezzo-tinto, wat heal-skildere betsjut.
Yn Frankryk stiet de technyk bekend as "la manière noire". De technyk dy’t ûnder oare tapast wurdt troch Miro. Hy hie dêr spesjaal ark foar, dat apart foar him makke waard troch in atelier yn Parys, yn de omkriten fan de Notre Dame oan de Seine.
Sjoch ek
- grafyk