Flagge fan Ingelân
Flagge foar de krite Mersia yn de 13e iuw
It keninkryk Mersia. It oarspronklike gebiet yn de 6e iuw is donkergrien. De grutste omfang yn 7e oant de 9e iuw is yn 't ljochtgrien oanjûn

Mersia (Ingelsk: Mercia; Aldingelsk: Mierce, "grinsfolk") wie in Angelsaksysk keninkryk yn Ingelân, dat part wie fan de heptargy. It gebiet roan fan de Noardsee oant Wales. It ryk waard stifte yn it begjin fan de 7e iuw, kende in tiid fan bloei ûnder kening Offa (757/758 – 796), mar waard yn begjin 9e iuw ûnderwurpen troch Egbert fan Wesseks.

Skiednis

Selsstannich

De earste kening fan Mersia dêr't wy fan witte, wie Creoda, dy't om 585 hinne oan de macht kaam. In earste tiid fan bloei, dêr't Mersia yn in grut part fan Ingelân behearske, wie ûnder kening Penda (stoarn 655). Dêrnei foel it werom oant de tiid fan kening Ethelbald (716 - 757). Hy moast him yn 't earstoan ferwarre tsjin sterk rivalen yn Kent en Wesseks, mar nei harren dea en ôfgean wist er de hegemony oer de keninkriken te krijen. Hy wûn de titel Bretwalda. Ek Offa, dy't koart nei de dea fan Ethelbald de macht krige, wist dy status te berikken.

Koart dêrnei wist Egbert fan Wesseks in wichtige en beskiedende slach te winnen (by Ellendun, 825) en dat betsjutte de ein fan de oerhearsking fan Mersia. Fan dy tiid ôf wie it Wesseks dat de lieding ûnder Ingelske keninkriken hie.

Under de Denen

Yn 852 kaam Burgred op de troan dy't yn 'e mande mei Ethelwulf fan Wesseks Noard-Wales ûnderwurp. Yn 868 besetten de Wytsingen (út Denemark) Nottingham. De Denen ferdreaune Burgred út syn ryk yn 874 en beneamdenand Ceolwulf II yn syn plak. Yn 877 ferôveren de Wytsingen it eastlik diel fan Mersia.[1] Ceolwulf, the last king of Mercia, was left with the western half, but he disappeared by 881.[2] Fan 883 oant 911 regearre greve Æthelred fan Mersia oer Mersia ûnder de kening fan Wesseks, sels wie er gijin kening. Æthelred boaske oan Æthelflæd, dochter fan Alfred de Grutte fan Wesseks. Nei't de Wytsingen lang om let ferslein wienen yn Ingelân, yn de Slach fan Ettelred, dêr't Æthelred slim ferwûne rekke en oan de gefolgen stoar, waard Æthelflæd ‘Lady of the Mercians’ oant har dea yn 918. Yn 917 ferdriuwt hja de Denen út Derby. Nei har dea wurdt har dochter it bewâld oer Mersia ôfnomd en komt it feitlik oan Wesseks.

List fan keningen fan Mersia

De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Mersia (lykas by de oare hearsker yn de heptargy) wurde meast oannaam.
De Angelen haadman Icel komt mei syn folk fan oer de Noardsee nei (wat no) Grut-Brittanje is.

#NAMMEPERIOADEOpmerkingen:
-Icel488 - 501soan fan Eomer, lêste Angelske kening op it kontinint.
-Crebba501 - 566soan fan Icel
-Cynewald566 - 584soan fan Crebba
1Creoda584 - 593soan fan Cynewald
2Pybba593 - 606soan fan Creoda
3Cearl606 - 626broer (of neef?) fan Pybba
4Penda626 - 653soan fan Pybba
5Eowa635 - 642soan fan Pybba; mei-kening
6Peada653 - 656soan fan Penda
655 - 658oerhearsking troch Oswiu, kening fan Bernicia (642-670)
7Wulfhere658 - 675soan fan Penda
8Aethelred I675 - 704soan fan Penda
9Coenred704 - 709soan fan Wulfhere
10Coelred709 - 716soan fan Aethelred I
11Coelwald716soan fan Aethelred I (keningskip net wis)
12Aethelbald716 - 757neisiet fan Eowa
13Beornred757
14Offa757 - 796neisiet fan Eowa; + kening yn Kent en East Anglia
15Egfrith787 - 796soan fan Offa
16Coenwulf796 - 821neisiet fan Pybba; + kening yn Kent en East Anglia
17Cynehelm ? - 812 of 821soan fan Coenwulf; + kening yn East Anglia
18Ceolwulf I821 - 823broer fan Coenwulf; + kening yn Kent en East Anglia
19Beornwulf823 - 826keazen; (faaks) neisiet fan Beornred ; + kening yn East Anglia
20Ludeca826 - 827keazen
21Wiglaf827 - 829keazen
829 - 830oerhearsking troch Egbert, kening fan Wesseks (802-839) + Esseks, Susseks, Kent
21Wiglaf830 - 840(opnij)
22Wigmund840soan fan Wiglaf, skoansoan fan Ceolwulf I
23Wigstan840soan fan Wigmund
24Beorthwulf840 - 852(mooglik) neef fan Wigstan
25Burgred852 - 874keazen
26Ceolwulf II874 - 883(mooglik) soan fan Wigmund
27Aethelred II883 - 911keazen; erkent Alfred de Grutte fan Wesseks as oerhearsker
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frank Stenton, Anglo-Saxon England, Oxford University Press, 1971, s. 254
  2. Dizze datum jout it Wikipedia en: artikel oer Ceolwulf, mar in Mersiaanske list fan keningen skriuwt him in regearperoade fan fiif jier ta (Stenton, p. 259n)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.