markol
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaimarkols (Fulica)
soarte
Fulica atra
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     dwaalgast


De markol of merkel (Fulica atra) is in 38 sm grutte wetterfûgel. Hy is hielendal swart mei in wite snaffel en in wite foarholle. Markols komme in protte foar op marren en yn fearten yn 'e buert fan reidseamen.

Oare Fryske nammen

De markol wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Blêsein, Blêskop, Dútser, Merkel, Merkol, Poep as Swarte Blêsde Ein.

Markolaaien.

Gedrach

De Markol dûkt in protte nei iten, benammen nei wetterplanten. Hy yt ek wol ynsekten en slakken. De Markol is net sa bêst op de wjukken. Meastal as er hurd fuort wol, rint er fladderjend oer it wetter sûnder echt te fleanen. Ek by it omheech kommen om te fleanen rint er earst in ein oer it wetter.

Fuortplanting

Markols bouwe in grut nêst fan reid en wetterplanten. Dat nêst kin soms wol sa'n 20 sm boppe it wetter útstekke. Nei 21-24 dagen komme de 5-10 aaien út. Nei in dei geane de âlden mei harren jongen te swimmen. Se bliuwe de earste tiid noch al yn 'e buert fan it nêst dêr't se geregeld weromkomme om te sliepen of harren op te waarmjen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.