Minnistetsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Penjum | |
adres | Grutte Buorren 28 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | om 1600 hinne Restauraasje: 1983 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39427 [1] | |
offisjele webside | ||
Doopsgezinde Monumenten |
De Fermanje fan Penjum is in 17e-iuwske skûltsjerke fan de minnisten. It tsjerkje leit efter de kosterswente en wurdt út en troch noch brûkt foar tsjinsten.
Skiednis
Nei alle gedachten waard de tsjerke om 1600 hinne boud. De foarein is oarspronklik de kosterswente. Tsjintwurdich is it in myseum. De tige ienfâldige tsjerke leit efter de kosterswente.
Mei it lytser wurden fan de gemeente waard der foar keazen om op in oar plak te tsjerkjen. Sûnt 1968 is de tsjerke in ryksmonumint.
De tsjerke waard mei de kosterswente yn 1983 safolle mooglik yn de oarspronklike sitewaasje restaurearre.
It gebou wurdt út en troch brûkt foar tsjinsten en oare aktiviteiten, lykas lêzings en konserten. De tsjerke is op ôfspraak te besjen en foarmet in beafeartsplak foar mennisten út de hiele wrâld.
Ynrjochting tsjerke
By de muorren lâns steane yn de sealtsjerke de banken foar de manlju. Yn it midden steane stuollen foar de froulju. Oan de noardlike kant stiet in preekstoel. In oargel hat de tsjerke nea hân. Ynstee dêrfan hie de gemeente in foarsjonger.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|