Mendota Mdewakanton Sû Mienskip | ||
Ingelsk | Mendota Mdewakanton Sioux Community | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
haadkertier | Mendota (Minnesota) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 250 (2013) | |
oprjochting | 1996 | |
status | net erkend | |
reservaat | ||
reservaat | gjin reservaat | |
offisjele webside | ||
mendotadakota.com | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.
|
De Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (Ingelsk: Mendota Mdewakanton Sioux Community) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't noch federale erkenning genietet, noch op steatsnivo erkend is.
Algemien
De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1996, hat 250 leden, en it haadkertier is fêstige yn Mendota, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton-stamme.
Skiednis
Krekt as de fjouwer lytse Sû-stammen yn súdlik Minnesota dy't àl federaal erkend binne, foarmet de Mendota Mdewakanton Sû Mienskip in restant fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden dy foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada.
Neffens eigen sizzen stribbet de Mendota Mdewakanton Sû Mienskip nei it behâld fan eigen kultuer en erfskip fan syn leden. De organisaasje hat yn april 1996 in petysje oanbean oan it Buro fan Yndiaanske Saken fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken, wat it begjin is fan 'e proseduere om federale erkenning te winnen.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |