Menaam | ||
It feintsje fan Menaam | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.795 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,58 km², wêrfan: - lân: 13,45 - wetter: 0,13 km² | |
Befolkingsticht. | 203 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 12' N 5° 39' E | |
Offisjele webside | ||
www.menaldumdorp.nl | ||
Kaart | ||
Menaam is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Menaam leit noardlik fan Dronryp, eastlik fan Rie, westlik fan Marsum en besuden Berltsum. De doarpskearn fan Menaam leit om de Greatebuorren en Dyksterbuorren.
It doarp hat 2.795 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Menaam is in terpdoarp dat om it begjin fan de jiertelling op in breder stik fan de kwelderwâl tusken Dronryp en Bitgum ûntstie. Doe't de goaën harren betsjutting ferlern hiene en neffens Spahr van der Hoek om 1300 hinne de gritenijen as selsstannige besjoersienheden opkamen, soe it tal stimmen per doarpsgebiet fêstlein wêze. Fanwegen de gaadlike lizzing op heger gebiet lei 21% fan de stimhawwende pleatsen fan de gritenij yn it doarpsgebiet fan Menaam. Dêrmei hie Menaam mear stimmen as Dronryp, dat mei 17% fan de stimhawwende pleatsen ek in grut part fan de stimmen fan de gritenij fertsjintwurdige. Sa waard Menaam it haadplak fan de gritenij.[3]
De bebouwing fan it doarp konsintrearre him om de oan Sint-Lambertus wijde tsjerke, útsein oan de súdeastlike kant, want dêr stie Orxmastate (ek wol Dekemastate neamd).
De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp heeft eene schoone kerk en toren, op eene groote hoogte gebouwd, en voor weinige jaaren merkelyk versierd. De buurt ligt byna cirkelswyze ten Westen, Noorden en Oosten om de kerk, en ten Zuiden de aanzienlyke State Orxma, ook Dekema genoemd, bestaande in eene schoone oude uit het water opgehaalde huizinge en eene ruime wel aangelegde plantagie, hovinge, cingels. Orxmastate waard yn 1830 sloopt. Om it doarp stiene eartiids mear states. Op de grins mei Bitgum stie Hemmema, in namme dy't ferwiist nei Berltsum, dêr't it skaai harren stamstins hie. Súd fan Menaam stie efter it adres Gralda 1 de Graldastate. Dy state waard mei syn hege poarte yn de Frânske tiid ferkocht. Op it plak fan de pleats op de Ljochtmisdyk 45 súdwest fan it doarp stie eartiids de Fleringastate (ek Galemastate).
De Menamer Feart, dy't by Marsum rjochting Harnzer Trekfeart yn 'e Ballens oergiet, soarge foar de ûntsluting fan it doarp. By dy feart lâns ûntwikkele him de Lytsebuorren, de Lytsedyk en it Langpaad. Ek Warnserbuorren, dat hielendal eastlik fan it doarp leit, wie yn 'e 18e iuw al ta ûntwikkeling kommen.
Tusken 1860 en 1880 gie it goed mei Menaam en it ynwennertal naam foars ta. Der ûnstie lintbebouwing yn eklektyske styl lâns de stadichoan ferhurde útfalswegen: Dyksterbuorren, Rypsterdyk en Bitgumerdyk en dêrnei ek Ljochtmisdyk. Der waarden nije pleatsen boud en de tsjerke krige yn 1861 in nij oargel. In pear jier letter waard yn 1866 de midsiuwske sealtektoer ferfongen troch nijbou en alhoewol't der gjin sprake fan brekfalligens wie, waard yn 1874 ek de tsjerke ferfongen troch nijbou. Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waarden ek stikken fan de terp ôfgroeven.[4] Oan it begjin fan de 20e iuw waarden der oan de Ljochtmisdyk de earste hûzen yn it ramt fan de Wenningwet boud.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden op 19 novimber 1944 oan 'e Ryksstrjitwei by Menaam trije finzenen troch de nazy's stânrjochtlik eksekutearre. Dat barde as represaille nei in aksje fan it Fryske ferset troch by Dronryp op 'e jûn kopspikers op 'e strjitwei te struien, sadat in Dútske fytspatrouille dy nachts der oerhinne fytste en lekke bannen krigen. In monumint oan de Ryksstrjitwei betinkt de slachtoffers fan de represaille.[5]
De Menamers fertsjinnen harren brea yn de lânbou en dan benammen de flaaks- en ierdappeltylt. Yn it begjin fan de 20e iuw stie it gebou fan de jirpelfeiling oan de Lytsedyk. Op it plak dêr't it eardere kafee De Ierappelbeurs stiet, waarden de ierappels oanfierd. Mar ek de túnbou wie fan belang, benammen oan de Berltsumer side dêr't in soad gerniersbedriuwen wiene. Mei't sûnt 1960 troch mechanisaasje yn 'e lânbou der minder wurk wie, ferdwûn ek de jongerein en de middenstân út it doarp. Tsjintwurdich wenje der benammen forinzen dy't harren wurk yn de haadstêd Ljouwert hawwe. It doarp is oan de noardwest- en súdkant flink útwreide en beskikt oer goede foarsjennings.
Menaam hat altyd it haadplak fan de eardere gemeente Menameradiel en foar dy tiid fan de gritenij west. De gemeente waard yn 2018 opheft en sûnt leit Menaam yn de gemeente De Waadhoeke.
Mienskip
De feriening Doarpsbilang Menaem bestiet sûnt 1 maart 1977, Menaem yn’t Ljocht is de doarpskrante, dy't alve kear yn 't jier ferskynt. Der wurdt yn Menaam krewearre foar de bou fan in nij MFA yn de âlde gymnastykseal oan de Greatebuorren.[6] Menamers wurde tradisjoneel foar bearen útskolden.[7]
Ien kear yn 'e trije jier wurdt yn Menaam in doarpsfeest organisearre. Yn 'e maitiid wurdt yn Menaam alle jierren Spring Break-festival fiert.
Tsjerke
Skoallen
Ferienings
|
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 935 | 1590 | 1543 | 1503 | 1395 | 1876 | 2470 | 2702 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 2668 | 2630 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne yn Menaam
|
|
Monuminten
Lambertustsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Lambertustsjerke (Menaam).
De op in heech en rom tsjerkhôf steande PKN-tsjerke is in gebou út 1874. It fiifsidige koar waard al yn 1855 fernijd. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is in konsistoarje fan twa boulagen oanboud.
De Menamer oannimmers M. en J.P. Boonstra fierden it wurk út, mar in arsjitekt is ûnbekend. It soe Jacob Izaaks Douma út Ljouwert west ha kinne. De styl fan it tsjerke is eigen oan syn styl en dy makke ek it ûntwerp fan de yn 1866 boude toer. It skip fan de tsjerke wurdt ferdield troch pilasters en is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei trasearrings fan getten izer. De toer hat trije liddingen, wêrfan de twa heechste opgnisse binne mei rûnbôgefriezen fan keunststien. It rêstige ynterieur is yndield ta muorrefekken tusken Korintyske pilasters en hat in rykfersierde preekstoel mei persoanifikaasjes fan de deugden, Leauwe, Hope, Leafde, Gerjochtichheid en Stânfestens en in ryk oargelfront. De pastorij stiet oan de Mieddyk 3 op in omgrêfte hiem. It is in út 1838 datearjende flinke neoklassisistyske middengongwente.
Oare ryksmonuminten
- Oan de Dyksterbuorren stiet tichtby de feart it âlde gritenij- en gemeentehûs fan Menameradiel. It waard tusken 1841 en 1843 neffens in neoklassisistysk ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein boud mei in yngongspartij, dy't flankearre wurdt troch jitizeren Toskaanske pylders mei dêrboppe yn de wat foarútspringende middenpartij in trijeliddich finster mei healpylders. It gebou hat fierders in kroanlist en in attyk.
- It earmhûs (Grêftswâl 14) is in gebou út 1832.
- Tichteby by it doarp stean de poldermoles De Ljip (1802) en De Rintmaster (1833/1981).
- Monuminitale pleatsen steane oan de Lytsedyk 2, Bitgumerdyk 16 (Ansta State), Fjouwerhûs 4 (Great Fjellingwirt of It Fjouwerhûs) , Rypsterdyk 21, Ryksstrjitwei 15
- Yn 'e himrik leit by de hoeke Sânwei/Gernierswei noch ien fan de fiif hege wieren dy't Fryslân ryk is.
Strjitten
Alle strjitten yn Menaam.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|