Melkemastate yn 1723

Melkemastate is in eardere stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel. De stins bestie al foar 1532. Yn 1727 is de stins ôfbrutsen en de tunen fan de stins binne gearfoege mei dy fan de Eysinga State. De rûnwei om Rinsumageast is ferneamd nei dizze stins: 'de Melkemawei'. Yn Rinsumageast is in strjitte ferneamd nei de bewenners fan de Melkemastate: ‘de fan Aylvawei’. Op it stee dêr't de Melkemastate eartiids stie leit no de Geastmer bosk.

Eigeners fan Melkema State

JierBrûker
oant 1439Thieppka Sceltama, ferkeapet oan:
1439Juw Juwsma alias Bottema, soan:
1477Gatze Juwsma, dochter:
1498-1511Ayl Juwsma, dochter:
1526Dorothea fan Botnia (yn 1511 wie neef Douwe Donia eigener)
1581Ulbe Tiaerdtsz Aylva, syn oerbeppe wie Ybel Juwsma, in dochter fan Juw Juwsma alias Bottema. Soan:
1582Tjaert fan Aylva, soan:
1640Sjoerd fan Aylva
1679Tjaerd fan Aylva
1713Tjaerd fan Aylva
1723Frou Unia-Schratenbach
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.