Melissa Lauren | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Melissa Hill, Melissa Laven, Melissa Louren, Melissa Moran | |
echte namme | Barbara Masvaleix | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 16 oktober 1984 | |
berteplak | La Rochelle (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, webcamgirl, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 2003 – 2008 | |
offisjele webside | ||
www.clubmelissalauren.com |
Melissa Lauren, yn Frankryk stavere as Mélissa Lauren, echte namme: Barbara Masvaleix (La Rochelle, 16 oktober 1984), is in rêstend Frânsk neakenmodel, webcamgirl, stripper, pornografysk aktrise en regisseur. Hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Melissa Hill, Melissa Laven, Melissa Louren en Melissa Moran. Lauren sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry, en spile yn in grut tal films. Se wûn yn 2007 en nochris yn 2008 in AVN Award. Yn 2008 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.
Libben en karriêre
Lauren waard yn 1984 berne yn it Frânske havenplak La Rochelle, dat yn it departemint Charente-Maritime oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan leit. Hja learde foar kok en wurke in jier lang yn 'e koken fan in elitêr restaurant yn Parys. Yn juny 2003, doe't se achttjin jier âld wie, lies se yn in krante in advertinsje fan 'e Frânske pornoregisseur John B. Root, dy't nije pornoaktrises socht. Lauren reägearre dêrop, die audysje en makke seis dagen nei't se de advertinsje lêzen hie, har debút yn in pornografyske film.
Har âlden wiene dêr net bliid mei, mar nei't harren eangst foar drugsferslaving en seksueel misbrûk delbêde wie, leine se har del by Lauren har beslút. Oars as by in protte pornoaktrises it gefal is, behold sy sadwaande altyd in goede relaasje mei har heit en mem. Lauren waard bekend trochdat se net inkeld oan anale seks en dûbele penetraasje die, mar ek oan ekstreme foarmen fan geslachtsferkear, lykas dûbele faginale seks en dûbele anale seks. Under har wurkpaad yn 'e pornoyndustry rûn Lauren twa kear de geslachtssykte klamydia en ien kear blaasûntstekking op.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Lauren yn totaal yn mear as 500 pornofilms, wêrby't se sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry aktyf wie. Yn Jeropa wurke se û.m. foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel en Woodman Entertainment en it Sweedske Private. Yn 'e Feriene Steaten wie se yn 't spier foar û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Sin, New Sensations, Diabolic Video, Hustler Video, ClubJenna, Evil Angel, Zero Tolerance, Adam & Eve, Anabolic Video, VCA Pictures, Jules Jordan Video en Sin City.
Fierders wie Lauren ek wol foar minder bekende Amerikaanske filmstudio's wurksum, wêrûnder West Coast Productions, Metro, Platinum X Pictures, Pure Play Media, Third Degree Films, Taylor Wane Productions en Extreme Associates en it Kanadeeske Mile High Media. Ek wurke se wol foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings en Brazzers. Yn 2007 wûn Lauren yn 'e mande mei in stikmannich oare akteurs en aktrises de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne foar har optreden yn 'e film Fashionistas Safado: The Challenge. In jier letter se wûn se yn 'e mande mei Céline Tran en Rocco Siffredi noch in twadde AVN Award yn 'e kategory bêste triosekssêne, foar har rol yn 'e film Fashionistas Safado: Berlin.
Njonken har aktearwurk wie Lauren fan 2006 oant 2008 ek aktyf as regisseur fan santjin pornofilms, dy't foar it meastepart ferskynden by de lytse filmstudio JM Productions, mar foar in diel ek by Diabolic Video. Yn novimber 2006 makke Lauren bekend dat se ophold mei it spyljen yn heteroseksuële pornofilms en har tenei benammen talizze woe op har wurk as regisseur. Dêrnjonken woe ek yn lesbyske pornofilms en masturbaasjesênes spylje en neaken posearje foar fotoshoots. Yn 'e praktyk die lykwols bliken dat se ek nei 2006 trochgie mei it meitsjen fan pornografyske sênes mei manlike partners. Yn 2008 loek hja har úteinlik foargoed út 'e pornoyndustry werom.
Lichemsskaaimerken
Melissa Lauren is blank, mei blauwe eagen en brún hier, dat se ûnder har karriêre as pornoaktrise gauris blûn of swart ferve. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 34D. Dêrfoar ûndergie se yn maaie 2006 in boarstfergruttingsoperaasje; foartiid hie se in B-kup. Lauren hat in nâlpiercing, in tongpiercing en piercings troch beide spiennen. Teffens hat se op har rjochterûnderearm in tatoeaazje mei de tekst: Qvod Me Nvtrit Me Destrvt, wat Latyn is foar "Wat My Fiedt, Ferdylget My Ek".
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2006 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Sandra Romain) | Be My Bitch |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Angelica Costello en Audrey Hollander) | Babes Illustrated 15 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Avy Lee Roth en Erik Everhard) | Fuck Dolls 3 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Keri Sable, Sophia, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Michael Stefano en John Strong) | Anal Expedition 6 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Lauren Phoenix, Erik Everhard en John Strong) | Semen Sippers 3 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | superslet | n.f.t. | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2007 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Jesse Capelli) | Jenna's Provocateur |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Gianna Lynn, Rick Masters, Arnold Schwartzenpecker en Barry Scott) | Hellcats 10: Cumback! | ||
wûn | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Lia Baren, Sasha Grey, Jenna Haze, Marie Luv, Jewel Marceau, Gianna Michaels, Adrianna Nicole, Caroline Pierce, Sandra Romain, Nicole Sheridan, Michelle A. Sinclair, Flower Tucci, Chris Charming, Christian, Emmanuel Delcour, Erik Everhard, Mr. Pete, Rocco Siffredi en Voodoo) |
Fashionistas Safado: The Challenge | ||
2008 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Nacho Vidal) | Fashonistas Safado: Berlin |
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Sarah Sun, Jazz Duro, Steve Holmes en Joachim Kessef) | Fashionistas Safado: Berlin | ||
wûn | bêste triosekssêne f/f/m (mei Céline Tran en Rocco Siffredi) | Fashionistas Safado: Berlin | ||
2009 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne yn in bûtenlânske film (mei Nacho Vidal) | Casino, No Limit |
nominearre | bûtenlânske artyste fan it jier | n.f.t. | ||
Hot d'Or | nominearre | bêste Frânske aktrise | n.f.t. | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Devon, Jenaveve Jolie, Shawna Lenée en Mya Nichole) | n.f.t. |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Melissa Lauren
- (in) In fanwebside wijd oan Melissa Lauren
- (in) Biografy en filmografy fan Melissa Laurenyn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Melissa Laurenyn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Melissa Laurenop FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|