Melaneezje is mei Polyneezje en Mikroneezje ien fan de trije grutte eilannekloften yn de Grutte of Stille Oseaan dy't meiïnoar Oseaanje foarmje. It leit ten noarden oant noardeasten fan Austraalje.
Melaneezje betsjut swarte eilannen (Gryksk: melas=swart nesos=eilannen/eilânryk), sa neamd nei de hûdskleur fan de ynlânske befolking.
Eilannen
Yn Melaneezje lizze de eilannen:
- Fanûatû
- Fidzjy
- de Molukken
- Nij-Kaledoanje
- Nij-Guinea (befet Papoea Nij-Guinea en Papoea)
- Salomonseilannen (bestiet út de Salomonseilannen (it lân) en de Noardlike Salomonseilannen, in diel fan Papoea Nij-Guinea)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.