Mel Thom
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMelvin Thom
nasjonaliteit Amerikaansk
berne28 july 1938
berteplakSchurz (Nevada)
etnisiteit Noardlik Pajût
wurkpaad
berop/amtyngenieur
aktyf asaktivist
jierren aktyf1958 – no

Mel Thom (folút: Melvin Thom; Schurz (Nevada, 28 july 1938) is in Amerikaansk yngenieur en aktivist fan etnysk Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

Thom waard yn 1938 berne yn Schurz, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, it haadplak fan it Walker River Pajût Yndianereservaat. Hy is in Noardlike Pajût en in lid fan 'e federaal erkende Walker River Pajût Stamme. Thom folge it middelber ûnderwiis oan 'e Lyon County High School yn Yerington. Neitiid learde er foar yngenieur oan 'e Brigham Young Universiteit (BYU) yn Provo, yn 'e steat Utah.

Yn syn studintetiid wie Thom trije jier lang de foarsitter fan 'e Tribe of Many Feathers Club oan 'e BYU. Letter tsjinne er ek as foarsitter fan 'e Súdwestlike Regionale Yndiaanske Jeugdried. Hy rekke ein 1950-er jierren belutsen by de striid foar Yndiaanske boargerrjochten. Yn 1961 wie Thom ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC), yn 'e mande mei û.o. Clyde Warrior, Della Hopper en Viola Hatch.

Literartuer

  • Cobb, Daniel M., Native Activism in Cold War America: The Struggle for Sovereignty, 2008 (University Press of Kansas), ISBN 978-0 70 06 15 971.
  • Shreve, Bradley Glenn, Red Power Rising: The National Indian Youth Council and the Origins of Intertribal Activism, 2007 (Universiteit fan Nij-Meksiko), s. 159, passym.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.