Meeden | ||
De tsjerke fan Meeden | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1705 (31-12-2021) [1] | |
Befolkingsticht. | 596 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9651 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 08' N 6° 55' E | |
Offisjele webside | ||
Menterwolde.info | ||
Kaart | ||
Meeden (Grinslannersk: de Maiden) is in doarp yn 'e gemeente Midden-Grinslân.
Meeden leit yn it Aldamt op de grins mei de Feankoloanjes. De haadwei (Hereweg) leit op in sânrêch. Noardlik dêrfan is it klaaigrûn en súdlik dêrfan ôfgroeven fean.
Oan de haadwei lizze kapitale pleatsen en rinteniershûzen, ôfwiksele mei de hûskes fan de eardere lânarbeiders en oare hûzen. Likernôch yn it midden fan de streek ûnstie yn de twadde helte fan de 20e iuw in nijbouwyk. Yn de feandielen lizze fral de lânarbeidershûzen en lytse pleatskes.
Eartiids wie Meeden in selsstannige gemeente. Yn 1990 waard it doarp mei de plakken Muntendam, Noardbroek en Súdbroek yndield by de gemeente Menterwolde. Under de gemeente Meeden foelen ek de buorskippen Beneden Veensloot, Boven Veensloot, Bovenstreek, Duurkenakker (foar in part) en Kibbelgaarn (foar in part).
Skiednis
Doe't de kontrijen sûnt de 10e iuw of 11e iuw foar de lânbou geskikt makke waarden, ûntstie Meeden as in feanoanmakkerijdoarp. De namme wurdt yn 1391 en 1420 foar it earst neamd as 'Meden' of 'Medum'. De namme is ôflaat fan leechlizzende hea- of gerslannen, itjinge te ferlykjen falt mei it Ingelske wurd meadow of it Frysktalige miede. Twa parochyregisters fan om 1475 en 1501 hinne skriuwe oer 'Extengamedum' en 'Extangamedum', wat yn it ferline neffens guon betsjutte dat Meeden mooglik in delsetting wie fan it memmedoarp Eexta. Tsjintwurdich wurdt der tocht dat Meeden ynearsten tegearre mei Noard- en Súdbroek diel útmakke fan in memmeparochy 'Broke' mei in tsjerke yn Noard- of Súdbroek.
It oanmeitsjen fan it lân fûn plak út in pear sydstreamkes fan de Munte of Munter Ae, dy't by Muntendam yn it heechfean syn boarne hie, wei. It buorskip Westerlee, dat by it Reiderlân hearde, waard dêrfoaroer oanmakke fanút in sydstream fan de Pekel A. It âldste tsjerkegebou fan Meeden lei in goede kilometer noardlik fan it hjoeddeiske doarp oan de eardere Alde Wei. Dy wei dy't in brêge oer de Ae hie, makke diel út fan de hannelsrûte fan Grins nei it Dútske efterlân. De resten fan dy tsjerke lizze noch jimmeroan yn de grûn.
Troch it ynklinken en ôfslaan fan fean krige it doarp jimmeroan mear lêst fan wetter. In part fan 'e befolking ferhûze nei sânrêgen en noch net oanmakke feanbanken. Ek de tsjerke fan Meeden krige doe in nij plak. It tsjintwurdige 15e-iuwske gebou leit mei de klokketoer op in ferhege tsjerkhôf. It ferhûzjen fan it doarp soe al foar 1391 bard wêze. By it nije doarp waard oan de wei nei it âlde doarp ek in nôtmûne boud. It soe wêze kinne dat yn de 16e iuw noch in pear hûzen yn it fjild stiene. It 'Ierdrykskundich Wurdboek' skriuwt yn 1846 dat der in pear jier foar dy tiid yn de pastorijlannen de fûneminten fan in tsjerkje of kapel útgroeven wiene en dat der noch in âld tsjerkhôf wie.
Tsjin it ein fan de midsiuwen hie it doarp te lijen fan oerstreamings fan de Dollard. Troch de oerstreamings kaam der op it fean in swiere klaailaach te lizzen. It klaaigebiet fan Meeden bestiet út de âldste polders fan de Dollard.
Rike boeren
De lokaasje fan Meeden oan de âlde Hearwei fan Grins nei Munster en mei de kanalen fan de Feankoloanjes tichteby wie tige geunstich. De grûn wie geskikt foar kombinaasjes fan ikkerbou, feehâlderij en turfwinning. It brocht Meeden in soad wolfeart en al yn 1562 hie Meeden in skuttersgilde.
Yn de 18e iuw stie Meeden bekend as in plak mei in soad rike boeren. Meeden wie yn dy tiid noch strang grifformeard en it hearde net sa om mei dy rykdom te pronkjen. Yn dy snoarje holpen in soad boeren de lânarbeiders mei it opsetten fan lytse spultsjes yn de feandielen fan Meeden. Sa ûnstie ek Tonkensoord op de grins mei Westerlee, dat ferneamd waard nei in tige ryk boereskaai. De lânarbeiders koene harren sa mei wat eigen grûn en fee goed sels rêde.
Liberalisme
De 19e iuw brocht dêryn feroarings. Dûmny Johannes Mensinga brocht fan 1754 oant 1799 feroaring yn dat strange leauwe en der kaam in frijsinnich klimaat. De ûnderlinge ferhâldings feroaren en de boeren begûnen te stribjen nei in grutter polityk en maatskiplik oansjen. Tusken de wrâld fan de boeren en lânarbeiders ûntstie yn dy tiid in brede kleau. Fral yn tiden fan ekonomyske delgong wie it foar de lânarbeiders dreech om yn libbensûnderhâld te foarsjen; de earmoede wie grut en yn 1892 ûntstie der opskuor.
Reaksje
De earste reaksje op it feroarjende klimaat wie in tanimmende ôfkear fan de frijsinnigens. De boer Meerten Sijpkens (1784-1851) wie âlderling yn de herfoarme tsjerke, mar moast neat fan it moderne leauwe hawwe. Op syn pleats waarden gearkomsten organisearre, wêryn't de klam wer lein waard op in stranger leauwe. Yn 1836 stifte Meerten Sijpkens mei alve oaren in 'ôfskate gemeente'. By de oprjochting wie ek de Ulrumer dûmny Hendrik de Cock, de stifter fan de Grifformearde Tsjerke. De nije leare soe in wichtich bynmiddel wurde tusken boeren en lânarbeiders.
Oaren rekken troch de boer Derk Mansholt ûnder ynfloed fan it sosjalisme. Fral it anargisme sloech oan om't it yndividualisme wol paste by de mentaliteit fan de besitters fan in lyts komelkerijke. Sa wist Willem Luttje (1865-1939) de lytse boeren en lânarbeiders by inoar te bringen yn 'e sosjaal anargistyske 'Meedener Coöperatieve Werklieden Vereniging'. Njonken in fakbûn wie it ek in ynkeapferiening en sikefûns. Luttje twong yn 1901 troch ûnderhanneljen en in staking de boeren om mear lean te beteljen. Syn organisaasje krige neifolging op oare plakken yn it Aldamt en yn 1907 soarge in grutte staking yn it hiele Aldamt foar ferlichting .
Yn de jierren 1920 en 1930 makke it anargisme plak foar de sosjaal-demokratsyke en de kristlik-sosjale arbeidersbeweging. Sûnt de ynfiering fan it Algemien Kiesrjocht koe de SDAP steefêst op in tredde fan alle stimmen rekkenje. By in staking yn it Aldamt, de langst ea yn Nederlân, waard it oan de SDAP besibbe Nederlânske Lânarbeidersbûn (NLB) oprjochte. De staking draaide út op in machtskonflikt tusken it NLB en de boereorganisaasjes en it bûn moast lang om let belies jaan. Alhoewol't de stakers poer wiene, waard tenei de foarkar jûn oan oerlis ynstee fan de konfrontaasje.
Opfallend nei de Twadde Wrâldkriich wie yn Meeden de relatyf grutte oanhing fan de kommunisten. De CPN helle mar leafst 16% fan de stimmen, mar yn de jierren 1950 en 1960 rûn dat perzintaazje wer tebek. Meeden waard in echt PvdA-bolwurk, likernôch de helte fan alle stimmen wiene op dy partij.
Yn de twadde helte fan de 20e iuw feroare Meeden tige. De meganisaasje soarge der foar dat de lânarbeider as berop ferdwûn. Skaalfergrutting en ruilferkaveling hiene grutte ynfloed op it boerelibben en de pleatsen waarden famyljebedriuwen. Meeden krigen nijbou mei foarsjennings lykas sportfjilden, in doarpshûs en in ferwaarme swimbad. Wurke wurdt der hjoeddedei op it doarp folle minder, de meast wurkjende bewenners binne forinzen.
Befolkingsûntwikkeling
Jier | 1930 | 1990 | 2000 | 2008 | 2016 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1690 | 1774 | 1860 | 1825 | 1695 | 1705 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Midden-Grinslân | ||
---|---|---|
Doarpen: Borgercompagnie (foar in part) • Foxhol • Froombosch • Harkstede • Hegesân • Hellum • Kiel-Windeweer • Kolham • Kropswolde • Luddeweer • Meeden • Muntendam • Noardbroek • Overschild • Sappemeer • Scharmer • Schildwolde • Siddebuorren • Slochteren • Steendam • Súdbroek • Tripscompagnie (foar in part) • Tjuchem • Waterhuizen • Westerbroek • Woudbloem | ||
Utbuorrens & buorskippen: Achterdiep • Beneden Veensloot • Blokum • Borgweg (foar in part) • Bokhörn • Boven Veensloot (foar in part) • Bovenstreek • Denemarken • Duurkenakker • Eelshuis • Foxham • Foxholsterbosch • Gaarland • Gaarveen • De Hammen • Heidenschap • Jagerswijk • Kalkwijk • Klein Harkstede (foar in part) • Kleinemeer • Korengarst • Kostverloren • Lageland • Langewijk • Lula • Martenshoek • Medumertol • Nieuwe Compagnie • Noordbroeksterhamrik • Oostwold • Oude Verlaat • De Paauwen • Roeksweer • Ruiten • Schaaphok • Siddebuursterveen • Spitsbergen •Stootshorn • Tusschenloegen • Tussenklappen • Uiterburen • Het Veen • 't Veen • Westeind • Wilderhof • Windeweer • Wolfsbarge • Zandwerf | ||
wizigje |