Medal of Honor
De lânmacht-, marine- en loftmachtfarianten fan 'e Medal of Honor
De lânmacht-, marine- en loftmachtfarianten fan
'e Medal of Honor
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarmoed op it slachfjild dy't de militêre plicht te boppe giet
útrikt trochde presidint fan de Feriene Steaten
út namme fan it Am. Kongres
frekwinsjeûngeregeld
datumûngeregeld
plakmeastal Washington, D.C.
ynsteld1861 (marinefariant)
1862 (lânmachtfariant)
1965 (loftmachtfariant)
1e útrikking25 maart 1863
offisjele webside
www.cmohs.org

De Medal of Honor (Amerikaansk-Ingelsk foar "Earemedalje"), of ek wol de Congressional Medal of Honor ("Earemedalje fan it Kongres") is de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Dizze medalje wurdt út namme fan it Amerikaanske Kongres troch de presidint fan de Feriene Steaten takend oan Amerikaansk militêr personeel foar moed op it slachfjild dy't de militêre plicht te boppe giet. Der besteane trije farianten fan 'e ûnderskieding, ien foar de lânmacht, ien foar de marine en ien foar de loftmacht. Mariniers en leden fan 'e kustwacht komme yn oanmerking foar de marinefariant.

Skiednis

De skiednis fan 'e Medal of Honor giet tebek oant 21 desimber 1861, doe't oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch de marinefariant ynsteld waard ûnder de namme 'Medal of Valor' ("Dapperensmedalje"). De lânmachtfariant waard in healjier letter, op 12 juny 1862, ynsteld ûnder de namme 'Medal of Honor'. Yn 1863 waarden dizze ûnderskiedings troch it Amerikaanske Kongres permanint makke, en yn 1915 waard de aparte namme foar de marinefariant ôfskaft, sadat beide farianten 'Medal of Honor' kamen te hjitten. Yn 1963 waard in aparte fariant foar de kustwacht ûntwurpen, mar nea ynfierd. Yn 1965 waard der al in aparte fariant foar de loftmacht ynsteld; foartiid ûntfongen leden fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't ûnderskaat waarden, de lânmachtfariant.

Op 29 febrewaris 2016 wiene der yn totaal 3.514 Medals of Honor útrikt, wêrfan 621 postúm, oan 3.495 ûnderskate persoanen. Dat betsjut dat 19 Amerikaanske militêren twa kear de Medal of Honor takend krigen hawwe; fan dy njoggentjin is Tom Custer, de jongere broer fan 'e ferneamde generaal George Armstrong Custer, it bekendst. Justjes mear as de helte fan 'e takende Medals of Honor, 1.523, binne ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útrikt. Op it twadde plak komt de Twadde Wrâldoarloch (1941-1945) mei 471 útrikte Medals of Honor en dêrnei de Yndiaanske oarloggen (1863-1890) mei 426 en de Fjetnamoarloch (1955-1975) mei 257.

It lintsje fan 'e Medal of Honor.

Utrikking

Ornaris wurdt de Medal of Honor útrikt troch de Amerikaanske presidint sels by in formele seremoanje yn it Wite Hûs te Washington, D.C. By postume takennings ûntfange de djipdrôven de ûnderskieding út 'e hannen fan 'e presidint. Fanwegen it prestiizje en de hege status fan 'e Medal of Honor genietet dizze ûnderskieding spesjale beskerming ûnder de Amerikaanske wet; ûnautorisearre dracht, ferkeap en produksje fan 'e ûnderskieding, ynklusyf it lintsje, is ferbean en wurdt strang tsjin optreden. Nei de Medal of Honor is de twad heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding it Distinguished Service Cross foar de lânmacht, it Navy Cross foar de marine en mariniers, it Air Force Cross foar de loftmacht en it Coast Guard Cross foar de kustwacht.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.