Mechiel Versluis | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mechiel Versluis | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 july 1987 | |
berteplak | yn Eaststellingwerf (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
lingte | 1.98 m | |
gewicht | 93 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | roeien | |
ûnderdiel | manljus-acht, fjouwer sûnder stjoerman | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 | |
debút | 2006 | |
wichtige prestaasjes | ||
WK: 1x goud EK: 1x goud Olympyske Spullen: 1x brûns WK: 1x brûns |
Mechiel Versluis (yn Eaststellingwerf, 29 july 1987) is in Nederlânsk roeier fan Stellingwerfsk komôf. Hy fertsjintwurdige Nederlân op ferskate grutte ynternasjonale sporteveneminten. Yn 2016 wûn er mei syn tiim de brûnzene medalje by manljus-acht op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro. Njonken roeien docht Versluis ek oan hurdfytsen en hurddraven.
Libben en karriêre
Versluis waard yn 1987 berne yn Eaststellingwerf. Hy sette yn desimber 2006 mei syn karriêre as roeier útein by de RSVU Okeanos yn Amsterdam. Yn 2008 mocht er dielnimme oan it FISU WK (it wrâldkampioenskip foar studinten), dêr't er in sulverne medalje wûn. It jiers dêrop behelle er in trettjinde plak op it WK foar neo-senioaren yn Račice. Yn 2010 wûn er fierders mei de Nederlânske manljus-acht in sulverne medalje by de wrâldbekerwedstriden yn it Sloveenske Bled.
Yn 2012 waard Versluis op it ûnderdiel fjouwer sûnder stjoerman fyfde by de wrâldbekerwedstryd yn Belgrado. Dêrmei twongen hy en syn tiimgenoaten, Kaj Hendriks, Ruben Knab en Boaz Meylink, in kwalifikaasje ôf foar de Olympyske Spullen fan dat jier yn Londen. Dêr wisten se har te pleatsen foar de finale, en behellen se in fyfde plak. Yn 2013 wûn Versluis mei de fjouwer sûnder stjoerman sawol op it WK as op it Ek in goudene medalje.
Yn 'e oanrin ta de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro, waard der in nij roeitiim foar it ûnderdiel manljus-acht formearre. Dêrby waard de basis foarme troch Versluis, Hendriks en Meylink út 'e súksesfole fjouwer sûnder stjoerman. De oare fiif roeiers fan it nije achttal wiene: Robert Lücken, Boudewijn Röell, Olivier Siegelaar, Dirk Uittenboogaard en Tone Wieten, mei as stjoerman Peter Wiersum. Nei in stroeve start en minne resultaten yn 2015 wist dit tiim yn augustus 2016 yn Rio dochs in brûnzene medalje te beheljen.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |