Maurits (Freiberg yn Saksen 21 maart 1521 – 9 july 1553) wie fan 1541 oant 1547 hartoch en dêrnei oant 1553 karfoarst fan Saksen. Maurits wie yn 1541 troud mei Agnes van Hessen (1527-1555), dochter fan lângreve Filips I fan Hessen en wie de heit fan Anna fan Saksen, de twadde frou fan Willem fan Oranje.
As fûle oanhinger fan de Reformaasje, wied er duchtich tsjinstanner fan Karel V. Yn 1551 twong er de keizer ta it Ferdrach fan Passau, wêrút blike soe dat Karel, nettsjinsteande syn machtsposysje, net by steat wie it protestantisme te ferneatigjen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.