Maupin
Maupin oan de rivier de Deschutes
Maupin oan de rivier de Deschutes
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatOregon
CountyWasco County
Sifers
Ynwennertal427 (2020)[1]
Oerflak3,75 km² (ynkl. wetter)
3,61 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.118,15/ km²
Hichte410 m
Oar
Stiftingein 19e iuw
1922 (incorporated)
Postkoade97037
TiidsônePacific (PST)UTC-8
SimmertiidUTC-7
Koördinaten45° 10' 26" N 121° 4' 59" W
Lokaasje fan Maupin yn Wasco County en Oregon
Lokaasje fan Maupin yn Wasco County en Oregon
Offisjele webside
cityofmaupin.org
Kaart
Maupin (Feriene Steaten)
Maupin
Lokaasje fan Maupin yn de Feriene Steaten

Maupin is in plak (city) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 427 ynwenners.

Skiednis

In âlde pleats mei in Amerikaanske wynmotor by Maupin mei Mount Hood op 'e eftergrûn

Maupin ûntstie yn 'e ein fan de njoggentjinde iuw. Perry Maupin, in pionier dêr't it plak nei neamd waard, hie doe in pleats op it plak fan it hjoeddeistige plak. Der kaam in fearponttsjinst oer de rivier de Deschutes hinne en doe hiet it plak Hunts Ferry nei de eigener fan de fearpont. Neitiids waard it Maupin Ferry neamd troch de stifter fan it plak, William H. Staats. Yn 1909 waard de plaknamme ferkoarte ta Maupin.

Geografy

Maupin leit oan de US Route 197 dy't yn it stedsje oer in brêge de rivier de Deschutes krúst. It plak leit goed 50 km súdlik fan The Dalles en 60 km noardlik fan Madras.

Klimaat

It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 22 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat it plak in waarm mediterraan klimaat "Csb".

Ekonomy

De ekonomy fan Maupin bestiet út houtferwurking, wettersport besibbe oan de rivier de Deschutes, lânbou en de dêroan besibbe tsjinsten. Maupin hat in legere skoalle en in skoalle foar it fuortset ûnderwiis, beiden part fan de South Wasco County School District dy't it suden fan Wasco County betsjinnet.

Demografy

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 410 minsken, 199 hûshâldings en 113 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 95,7% blanken, 0,7% yndianen, 0,2% Aziaten, 0,2% Pasifisyske Eilanners en 0,2% oare rassen en 2,9 fan mingde rassen. Etnysk sjoen binne 1,2% fan de befolking Hispanics.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Census Bureau oproppen op 31 oktober 2022
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.