Māui | ||
In dielnimmer oan it Merrie Monarch Festival, op Hawaï, ferklaaid as Māui. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Polynezysk heidendom | |
domein | trickster | |
famyljerelaasjes en oare besibskip | ||
ekwifalint | Coyote (Yndiaanske rel. fan Noard-Am.) Loki (Noardgermaansk heidendom) Prometeus (Gryksk heidendom) | |
attributen | ||
foarwerp | magyske fiskheak |
Māui (útspr.: ['ma:ṷi ], likernôch "maau-y") is yn 'e Polynezyske mytology in grutte held en/of healgod. Hy ferfollet de funksje fan trickster, ferlykber mei Loki yn 'e Noardske mytology en Coyote yn 'e religyen fan 'e Yndianen út Noard-Amearika. Māui waard mar hiel selden fereare, mei't er minder in godheid as in folksheld wie. Syn oarsprong ferskilt fan kultuer ta kultuer, mar in protte fan 'e myten oer him wiene yn hiel Polyneezje frijwol gelikens. Māui wie yn hast it hiele gebiet fan 'e Stille Súdsee bekend, fan Peaske-eilân yn it easten en Hawaï yn it noardeasten oant Nij-Seelân yn it súdwesten en de eilannen foar de kust fan Nij-Guineä yn it westen.
Māui waard op ferskate manearen foarsteld, fan in knappe jongfeint oant in wize âlde omdoarmjende preester. Syn wichtichste dieden wiene it stellen fan fjoer foar de minskheid út 'e ûnderwrâld, it opfiskjen fan eilannen mei syn magyske fiskheak en it fangen fan 'e sinne om 'e perioade fan deiljocht langer te meitsjen. Hoewol't er omskreaun wurdt as in dogeneat mei skelmstreken dy't oeral de gek mei hat, is it meastepart fan syn dieden derop rjochte om 'e minskheid te helpen. Dêrom waard er syn hiele ferspriedingsgebiet troch respektearre, en is er sels nei de kerstening fan Polyneezje ferneamd bleaun.
Maöary-mytology
Ynlieding
Yn 'e mytology fan 'e Maöary fan Nij-Seelân wurdt Māui, krekt as yn oare Polynezyske tradysjes, foarsteld as in trickster dy't ferneamd is om syn aparte eksploaten en syn fernimstigens. Nammen foar him yn it Maöary binne: Māui-tikitiki ("Māui mei it Knotsje"), Māui-tikitiki-a-Taranga ("Māui mei it Knotsje fan Taranga"), Māui-pōtiki ("Māui de Lêstberne") en Māui te Whare Kino ("Māui it Hûsfol Swierrichheden").
Māui en de fisk
De âldere bruorren fan Māui woene him nea mei harren gean litte te angelfiskjen. Op in nacht weve er foar himsels in flaaksene fiskline, dy't er betsjoende om him sterk te meitsjen. Dêr befêstige er syn magyske fiskheak oan, makke fan 'e kaakbonke fan syn beppe Murirangawhenua, dy't de âlde tsjoenster him sels jûn hie. Dêrnei ferburch er him yn 'e waka (kano) fan syn bruorren. De oare moarns setten syn bruorren yn harren waka de see op. Doe't se te fier gien wiene om noch om te kearen, kaam Māui fan syn sideplak foar 't ljocht.
Māui koe doe meifiskje, mar syn lulke bruorren wegeren him ies te lienen. Dat hy sloech himsels op 'e noas en brûkte syn eigen bloed as ies. Doe't er byt hie, helle er in reuseftige fisk op dy't neitiid it Noardereilân fan Nij-Seelân waard. Dat wurdt dêrom yn it Maöary noch altyd Te Ika a Māui neamd: "De Fisk fan Māui" (of ek wol Te Ikaroa a Māui: "De Grutte Fisk fan Māui"). Syn bruorren pakten him lykwols de fisk ôf en begûnen dy ûnderinoar te ferdielen troch him yn parten te houwen. Sa ûntstiene de bergen en dellingen fan it Noardereilân. It grutte Mahia-skiereilân, by Auckland, waard Te Matau a Māui ("De Fiskheak fan Māui"). Yn guon tradysjes waard de kano fan Māui it Sudereilân: Te Waka-a-Māui, wylst it noch súdliker leine eilân Stewart Te Punga a Māui ("It Anker fan Māui") waard. (Oare tradysjes neame it Sudereilân de kano fan Aoraki.)
Māui bringt fjoer yn 'e wrâld
Māui wie nijsgjirrich nei wêr't fjoer weikaam, dat op in nacht gied er it doarp troch en makke alle fjurren út. Dêrop besleat Taranga, Māui syn mem, dy't rangatira (doarpshaad) wie, dat immen nei Mahuika, de goadinne fan it fjoer, gean moatte soe om har om nij fjoer te freegjen. Māui, dy't in beppesizzer fan Mahuika wie, bea oan om te gean, en hy sette ôf nei in grot yn in fulkaan oan 'e ein fan 'e wrâld dêr't Mahuika wenne. Op syn fraach om nij fjoer, joech se him ien fan har baarnende fingerneilen, mar Māui makke it fjoer fan 'e fingerneil út en frege om mear. Mahuika joech in him twadde fingerneil, dy't er lykwols ek útmakke. Nei noch ferskate fingerneilen jûn te hawwen, waard Mahuika lulk en stjoerde fjoer om Māui te efterfolgjen. Hy ûntkaam mar nauwerneed oan 'e dea troch Tāwhirimātea, de god fan it waar, oan te roppen, dy't syn rein brûkte om it fjoer út te meitsjen. Dêrop smiet Mahuika har lêste fingerneil op Māui ôf, mar hja miste en de neil kaam yn in kloftsje beammen telâne. Dêrop naam Māui de drûge tûken fan dy beammen mei nei hûs, en learde syn folk hoe't se sels fjoer meitsje koene troch de tûken tsjininoar oan te wriuwen.
Māui fertraget de gong fan 'e sinne
Yn eardere tiden reizge de sinne mei faasje troch de loft, sadat de minsken net genôch deiljocht hiene om te wurkjen en te iten. Sadwaande besleat Māui om 'e sinne te fangen en te fertraagjen. Hy riste him ta mei de magyske fiskheak makke fan 'e kaakbonke fan Murirangawhenua en in grut ein tou, en sette mei syn bruorren oer see ôf nei it easten ta. Dêr ûntdieken se it djippe gat dêr't de sinnegod Tama-nui-te-rā nachts sliepte. Se bûnen it tou yn in strûpe om it gat hinne en bouden in muorke fan klaai om harrensels efter te ferskûljen. Doe't Tama-nui-te-rā moarns wekker waard en him op syn gebrûklike manear troch de loft hastigje soe, rekke er fêst yn 'e strûpe. Dêrop sloech Māui him mei de kaakbonke oant er omlyk woe en tasei tenei stadich troch de loft te gean.
De dea fan Māui
Syn lêste aventoer, dat ta syn dea late, begûn doe't Māui it plan opfette om 'e minsken ûnstjerlik te meitsjen. Dêrfoar moast er de goadinne fan 'e dea, Hine-nui-te-pō, ferslaan. Dyselde hie oarspronklik de libbenjaande goadinne Hine-tītama west, mar wie feroare fan wêzen nei't se ûntdutsen hie dat har oarehelte Tāne ek har heit wie. Māui feroare himsels yn in wjirm en gie har fagina binnen mei de bedoeling om mei in stellen foarm fan ûnstjerlikens har lichem troch har mûle wer te ferlitten wylst se sliepte. Mar hy hie bûten de obsidianen tosken yn har fagina rekkene (in foarm fan 'e vagina dentata-myte), dy't him fermealden oant er it bestoar.
Hawaïaanske mytology
Ynlieding
Yn 'e Hawaïaanske mytology is Māui in kultuerheld en haadman út 'e prehistoarje dy't foarkomt yn ûnderskate geneälogyen. Yn 'e Kumulipo is er de soan fan ‘Akalana en dy syn frou Hina-a-ke-ahi (oftewol de goadinne Hina). Dy beiden hiene fjouwer soannen: Māui-mua, Māui-waena, Māui-ki‘iki‘i en Māui-a-kalana. Ien fan 'e Hawaï-eilannen hjit ek Maui, mar neffens de Hawaïaanske oerlevering is dat net direkt nei him ferheamd, mar ynstee nei de soan fan Hawaiiloa, de ûntdekker fan 'e Hawaï-eilannen, dy't nei Māui sels ferneamd wie.
Māui en de iepenbiering fan fûgels
Ien fan 'e meast ferneamde prestaasjes fan Māui yn 'e myten fan Hawaï is it sichtber meitsjen fan fûgels. Yn lang ferfleine tiden genoat Māui fan 'e muzyk dy't fûgels mei harren fluitsjen en tsjylpen makken, en ek fan 'e felle kleuren fan harren fearren. Om't se lykwols ûnsichtber wiene, koene gewoane minsken har net sjen, hoewol't se har wol hearden. Māui fielde begrutsjen foar de minsken, en om te meitsjen dat ek sy folslein fan 'e fûgels genietsje koene, makke er harren sichtber foar it minsklik each.
Māui en de skepping fan Hawaï
Doe't Māuri ris mei guon freonen út te angelfiskjen gie, loek er mei syn magyske fiskheak ferskate eilannegroepen út 'e djipten fan 'e see omheech. Yn guon ferzjes fan 'e Hawaïaanske myte oer de skepping fan Hawaï wurdt fan him sein dat er in minne fisker wie. Syn bruorren hiene de gek mei him om't er nea in fisk wist te fangen, en hy sloech werom mei skelmstreken dêr't sy it slachtoffer fan waarden. Op in dei woene de bruorren him net mei hawwe te fiskjen, wat him lulk makke. Doe't se weromkamen, seid er tsjin harren dat se, as se him meinommen hiene, wol mear fongen hawwe soene as ien inkele haai.
Syn bruorren lieten dat ris yn harren omgean en besleaten him de folgjende kear mei te nimmen, sadat er himsels bewize koe. Doe fregen se him wêr't alle goede fisk siet. Māui sloech as ies guon fûgels oan syn magyske fiskheak dy't hillich wiene foar syn mem, de goadinne Hina, en goaide út. Dêrop begûn de seeboaiem te bewegen en reuseftige weagen te feroarsaakjen. Māui joech syn bruorren de opdracht om hurd te peddeljen om 'e fisk yn te heljen, dat se peddelen sa hurd as se koene. Doe't se úteinlik wurch waarden, warskôge er harren net om te sjen, om't de fisk dan ûntkomme soe, mar ien fan 'e bruorren joech net om syn sizzen en seach dochs om. Dêrop briek de fiskline, en kamen der in stikmannich nije eilannen boppedriuwen dy't Hawaï foarmen. As nimmen omsjoen hie, soene der folle mear eilannen west hawwe.
Māui en it geheim fan fjoer
Om't de minsken noch net ûntdutsen hiene hoe't se fjoer meitsje koene, rûnen se eltse dei grutte ôfstannen oer dreech begeanber terrein om by in fulkaan in pear gloeiende glodzen op te heljen dêr't se jûns harren iten mei seane en nachts harren wenten mei ferwaarmen. Māui wie dat lykwols allegear tefolle wurk, dat hy fong de lieder fan in stamme fan yntelliginte fûgels dy't wisten hoe't se fjoer meitsje moasten en twong dyselde om him dy keunst ek te learen. De fûgel fertelde him dat er twa drûge tûken hiel hurd tsjininoaroan wriuwe moast oant der reek opstiigde, wêrnei't er tonder tafoegje en lichtsje blaze moast oant der fjoer oplôge. Dy kennis joech Māui troch oan 'e minsken.
Māui as nuetmakker fan 'e sinne
Foar't Māui op dat mêd regaad makke, folge de sinne (Lā) bochtige paden troch de loft, wêrby't er kaam en gie op ûngeregelde tiden, krekt sa't it himsels útkaam. Dat makke lânbou foar de minske tige dreech. Sadwaande makke Māui strûpen fan syn eigen hier, dêr't er de sinne mei fong. Doe't dat slagge wie, fertelde er de sinne dat er him allinne wer gean litte soe as er stadiger, op geregelde tiden en op in rjochte line troch de loft reizgje soe. De sinne stimde ta en Māui liet him gean.
Māui as pylder fan 'e loft
Neffens de myten fan Hawaï tilde Māui ek de loft op, dy't lange tiid sa ticht boppe de ierde hongen hie, dat beammen net groeie koene, wylst de minsken foaroerbûgd omrinne moasten om 'e holle net te stompen.
Tongaanske mytology
Yn 'e Tongaaanske ferzje fan syn myten loek Māui de koraaleilannen fan Tonga omheech fan 'e seeboaiem (de fulkanyske eilannen soene omleech fallen wêze út 'e himel). Hy waard dêrom ek wol Māui-fusi-fonua neamd "Māui Lânlûker". Om Tonga op te lûken frege er de magyske fiskheak fan 'e âlde fisker Tongafusifonua te lien. Dy stimde dêrmei yn as er de magyske heak fine koe yn in samling fan ûntelbere fiskheakken. Tavatava, de frou fan Tongafusifonua, ferrette it geheim lykwols, en sa koe Māui de koraaleilannen fan Tonga opfiskje. It earste kamen Lofanga en de Ha‘apai-eilannen boppe wetter, en it lêste Vava‘u.
Neitiid sette Māui him yn Tonga nei wenjen. Hy krige neffens ien ferzje fan it ferhaal twa soannen: Māui-atalanga, de âldste, en dy syn jongere broer Māui-kisikisi. Oare boarnen neame trije soannen: Māui-motu‘a ("Alde Māui"), Māui-atalanga en Māui-kisikisi ("Māui de Reidjuffer"). Fan Māui-motu‘a waard sein dat er de ierde op syn skouders draacht. As er knikkebollet liedt dat ta ierdbevings, en dan moatte alle minsken op 'e wrâld flink mei de fuotten stampe om him wer wekker te krijen. Hikule‘o, de god dy't hearsket oer Pulotu, de ûnderwrâld, is de jongste soan fan Māui-motu‘a. Māui-kisikisi wie de trickster, dy't it geheim fan it meitsjen fan fjoer ûntdiek en de minsken de keunst fan it itensieden learde.
Tahitiaanske mytology
Yn 'e mytology fan Tahity wie Māui in profeet of preester dy't berne waard as minske, mar letter fergoade waard. Doe't er ris hurd oan it wurk wie yn in marae (in hillich plak), wylst de sinne hast ûndergong, pakte er de sinnestrielen beet en sette er de sinne op syn plak fêst, sadat er foar it tsjuster syn wurk ôfmeitsje koe. Dêrmei sette er de tiid stil. As de ûntdekker fan it fjoer waard Māui op Tahity eare as Ao-ao-ma-ra‘i-a, mei't de minsken foartiid harren iten rau opite moasten. Fierders waard Māui op Tahity ek ferantwurdlik holden foar ierdbevings.
Samoaanske mytology
Yn 'e mytology fan Samoä (Amerikaansk-Samoä ynbegrepen) wurdt Māui beskôge as in healgod en ornaris Ti‘iti‘i neamd. Ut nijsgjirrigens folge er syn heit Talaga nei dy syn wurkplak yn 'e ûnderwrâld, it domein fan Mafui‘e, de god fan ierdbevings. Ienris yn 'e ûnderwâld murk er reek op, dy't kaam fan it fjoer fan Mafui‘e. Dêrop frege er de god om wat fjoer, en dy joech it him. Ti‘iti‘i boude doe in ûne dêr't er it fjoer yn die om syn iten te sieden. Mafui‘e woe der lykwols neat fan witte dat syn fjoer finzen set waard, en blies de ûne op. Dat late ta in konfrontaasje tusken Ti‘iti‘i en Mafui‘e, dy't wûn waard troch Ti‘iti‘i. Hy briek de rjochterearm fan Mafui‘e ôf en doe't er dêrnei drige ek syn lofterearm ôf te brekken, fertelde Mafui‘e him om los te kommen it geheim dat de goaden fjoer yn hout ferburgen hiene, en dat it foar 't ljocht kaam as men twa stikken hout mar hurd genôch oerinoar hinne wreau. Dy kennis joech Ti‘iti‘i neitiid troch oan 'e minsken.
Mangarevaanske mytology
Yn 'e mytology fan 'e Mangareva-eilannen (yn Frânsk-Polyneezje) loek Māui eilannen omheech út see en bûn er de sinne mei lokken fan syn hier. Syn heit waard dêr Ataraga neamd en syn mem Uaega. Der wiene acht ûnderskate Māui's: Maui-mua, Maui-muri, Maui-toere-mataroa, Tumei-hauhia, Maui-tikitiki-toga, Maui-matavaru, Maui-taha en Maui-roto. Maui-mataravu ("Māui de Achteagige) wie de held. Hy waard berne út 'e nâle fan syn mem en grutbrocht troch syn pake, Te Rupe, dy't him in magyske stêf joech mei de namme Atua-tane, en in bile dy't Iraiapatapata hiet.
Māui yn 'e popkultuer
Yn 'e popkultuer is Māui it bekendst fan 'e animaasjefilm Moana, fan 'e Walt Disney Animation Studios, út 2016. Dêryn wurdt er spile troch stimakteur Dwayne Johnson. Yn 'e film wurde de myten omtrint Māui sa gearfet: hy waard troch syn minsklike âlden te fûnling lein, mar de goaden krigen begrutsjen mei him en makken him ta healgod en skonken him syn magyske fiskheak dy't him it fermogen ta stalferwikseling jout. Dêrnei died er in lange list wûnders foar de minskheid, û.m. troch eilannen fan 'e seeboaiem omheech te lûken, de sinne tichterby te skuorren en de minsken fjoer te bringen. Syn motyf wie dêrby dat er de leafde fan 'e minsken weromwinne woe dy't er as bern fan syn âlden misse moast. Eltse wûnderdie smiet him in animearre tatoeaazje op.
Tûzen jier foar it begjin fan 'e film stiel Māui it hert fan 'e goadinne Te Fiti, dy't alle libben skepen hie, mei de bedoeling om 'e minsken ûnstjerlik te meitsjen. Unbedoeld yntrodusearre er dêrmei lykwols in ferrotting yn 'e wrâld dy't de hiele skepping oantaast. Moana, de haadpersoan fan 'e film, bepraat en helpt him om it hert werom te jaan oan Te Fiti, en sa de wrâld te rêden. Moana is gjin korrekte boarne foar ynformaasje oer Māui, hoewol't de film eleminten fan myten út ferskate Polynezyske kultueren ynkorporearret. Yn 'e film sjongt Dwayne Johnson as Māui it liet You're Welcome ("Graach Dien"), skreaun en komponearre troch Lin-Manuel Miranda, wêryn't er him op fermaaklike wize foarstean lit op alle dingen dy't er foar de minsken dien hat.
Māui is ek it ûnderwerp fan it liet Maui Hawaiian Sup'pa Man, út 1993, fan 'e Hawaïaanske sjonger Israel Kamakawiwo‘ole. Dat stie op it album Facing Future, dat it bêstferkeapjende Hawaïaanske muzykalbum aller tiden is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side. |