In ritueel masker op Baly.

In masker is in foarwerp dat oer it gesicht hinne droegen wurdt, mei gatten foar de eagen en noasters en soms ek foar de mûle. It wurdt almeast net ta klean rekkene, mar faak wol ta assessoires yn ferbân mei klean. It wurd 'masker' komt fan it Italjaanske maschera, dat sels wer fan it Latynske masca komt, dat behalven "masker" ek "spûk" en "nachtmerje" betsjutte kin. Masca is fan ûnwisse oarsprong, mar men tinkt oan in ûntliening út it Arabysk, fan مسخرة, mascharah, dat "dwaas" (haadwurd) betsjut. Maskers komme foar yn alderhanne ferskillende foarmen en soarten, wêrby't de foarmjouwing oer it algemien ôfhinget fan it doel. Doelen foar it dragen fan maskers kinne wêze: ritueel gebrûk, foar beskerming, as momkape, yn it ramt fan in optreden of foar fermaak. In barren wêrby't men maskers draacht, wurdt in maskerade neamt. In wale, dy't ek it gesicht bedekt, is lykwols gjin masker, mar in stik klean, dat nauwer besibbe is oan 'e sjaal.

Ritueel gebrûk

It âldste masker fan 'e wrâld, in stiennen masker fan 7000 f.Kr., te sjen yn it Musée "Bible et Terre Sainte" yn Parys.

It ritueel of seremonieel gebrûk fan maskers hat ornaris ta doel om 'e foarâlden of oare ferstoarnen, of oars goaden of legindaryske figueren út te byldzjen. In aparte kategory rituele maskers binne funerêre maskers, dy't nei it ferstjerren oer it gesicht fan 'e ferstoarne hinne pleatst waarden, lykas by de Egyptyske farao's en de keningen fan 'e Maya's yn Meso-Amearika barde. It gebrûk fan rituele maskers is in tige âlde praktyk, dy't yn in protte ferskillende kultueren en beskavings foarkomt, fan Melaneezje oant Jeropa en fan Tibet oant West-Afrika, mar it is gjin universele tradysje. Guon seremoniële maskers wiene net bedoeld om droegen, mar om útstald te wurden, itsij as poer dekoratyf foarwerp, itsij yn in religieuze kontekst.

De Taiwaneeske presidinte Tsai Ing-wen mei in mûlkapke foar omreden fan 'e koroanafiruspandemy.

Dat maskers fan alle tiden binne, bewiist in stiennen masker út it Neolitikum, dat datearret fan likernôch 7000 f.Kr. en dus mear as 9.000 jier âld is. It is nei alle gedachten it âldste oerlibjende masker fan 'e wrâld en kin tsjintwurdich besjoen wurde yn it Musée "Bible et Terre Sainte" yn Parys. Nettsjinsteande de ûnbidige âldens fan dat foarwerp is de praktyk fan it dragen fan maskers wierskynlik folle âlder. Yn it Frânske Roche-Cotard waard by in argeologyske opgraving fan in Neändertalerkamp in fjoerstiennen likenis fan in gesicht opdobbe, dy't 35.000 jier âld is, mar it is net dúdlik oft dat bedoeld wie as in masker.

Beskerming

Ek foar beskerming wurde wol maskers droegen. Men kin dan benammen tinke oan gefaarlike sporten, lykas skermjen (skermmasker), iishockey (iishockeyfizier) en Amerikaansk fuotbal (Amerikaansk-fuotbalhelm), wêrby't de dielnimmers ûnderskate soarten maskers drage om harren gesicht te beskermjen tsjin ferwûnings. In oar foarbyld is in laskmasker, dat laskers drage om harren gesicht en fral de eagen te beskermjen tsjin opspattende fûnken. Fierders binne der gasmaskers, stofmaskers en mûlkapkes, dy't foarkomme moatte dat skealike stoffen ynazeme wurde.

Momkape

Leden fan it hackerskollektyf Anonymous mei Guy Fawkes-maskers foar.

Maskers wurde ek brûkt as momkape, om jins identiteit te ferbergjen. In goed foarbyld wurdt foarme troch de leden fan it hackerskollektyf Anonymous, dy't it Guy Fawkes-masker brûke om harren identiteit te ferbergjen. Dat is in folslein gesichtsbedekkend masker mei de stilearre likenis fan 'e santjinde-iuwske Britske revolúsjonêr Guy Fawkes, dat yn 2005 popularisearre waard troch de film V for Vendetta.

In healmasker sa't dat droegen wurdt op it Karnaval fan Feneesje.

In oar foarbyld binne skymaskers en bivakmûtsen, dy't wol troch kriminelen droegen wurde om net werkenber te wêzen by it dwaan fan bgl. ynbraken of oerfallen. Ek plysjeminsken drage wol bivakmûtsen om harren identiteit geheim te hâlden, sadat se gjin doelwyt wurde kinne fan kriminelen. Noch wer in oar foarbyld wurdt foarme troch de gesichtsbedekkende wite puntmûtsen dy't de leden fan 'e Amerikaanske rasistyske organisaasje de Ku Klux Klan drage by seremoanjes, demonstraasjes en yntimidaasjepraktiken. Dy geane werom op 'e gelikense gesichtsbedekkende puntmûtsen fan boetelingen by roomske prosesjes yn Spanje.

Optreden

Yn it Alde Grikelân wie it wizânsje dat de akteurs dy't toanielstikken opfierden foar publyk, maskers droegen mei in breed gat foar de mûle om't se oars foar de taharkers net te ferstean west hiene. Sterker noch, faak befette in masker in soarte fan gielkoperen megafoan om 'e stim fan 'e toanielspiler fierder drage te litten. Yn 'e Midsiuwen droegen toanielspilers dy't merakelspullen opfierden ek maskers; dejinge dy't God spile, wie dan daliks werom te kennen oan syn gouden of fergulde masker. Fan 'e Renêssânse ôf ûntjoech him de commedia dell'arte, wêryn't akteurs de bekende laitsjende en gûlende maskers droegen dy't no noch faak as symboal foar toaniel of teäter brûkt wurde. Dêrút komme ek de hjoeddeiske clowns fuort, dy't gjin maskers mear drage, mar harsels mei gesichtssmynk ek ûnwerkenber meitsje. Yn it tradisjonele Japanske noh-teäter drage de akteurs by foarstellings noch altyd maskers.

Fermaak

In man mei in bivakmûtse op.

Maskers wurde ek droegen foar fermaak. Men kin dan tinken oan in maskere bal, wêrby't alle oanwêzigen maskere binne, of oan it Karnaval fan Feneesje, wêrby't it fan âlds ek wenst is om in masker te dragen. Yn beide gefallen wurdt der faak gjin folslein gesichtsmasker droegen, mar in masker dat inkeld de boppeste helte fan it bedekt, oan 'e punt fan 'e noas ta. It foardiel dêrfan is dat de mûle frijlitten wurdt, sadat it fieren fan in petear makliker is en der ek iten en dronken wurde kin. Soms wurdt in masker ek opset mei de bedoeling om oaren skrik oan te jeien, bgl. as ûnderdiel fan guon kostúms dy't droegen wurde foar Halloween.

Oar

Oarsoartige maskers binne faak funksjoneel en wurde inkeld 'masker' neamd om't se (in diel fan) it gesicht bedekke, mei't se yn 'e regel hielendal net op oare types maskers lykje. Men kin dan tinke oan bgl. in dûkmasker, dat snorkelders en djipseedûkers drage om ûnder wetter dúdlik sjen te kinnen. In oar foarbyld is in soerstofmasker, dat oer de mûle en noas fan in pasjint hinne pleatst wurdt om soerstof ta te tsjinjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.