Martinair | |||||
| |||||
In MD-11F fan Martinair by de lâning op Skiphol | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 24 maaie 1958 | ||||
Haadkertier | Skiphol-East, Nederlân | ||||
Hub(s) | Lofthaven Amsterdam Skiphol | ||||
Floatgrutte | 8 | ||||
Bestimmings | 32 | ||||
Memmebedriuw | Air France-KLM | ||||
Kaaifigueren | Martin Schröder, oprjochter Marcel de Nooijer, direkteur | ||||
Offisjele webside | |||||
martinair.com |
Martinair (formiele benamming: Martinair Holland N.V.) is in Nederlânske loftfeartmaatskippij, dy't sûnt 2011 allinnich fracht ferfiert. It bedriuw waard 1958 oprjochte troch Martin Schröder en John Block ûnder de namme Martin's Air Charter.
Float
De float fan Martinair bestiet july 2015 út 8 tastellen.
Fleanmasine | Tal | Opmerkings |
---|---|---|
Boeing 747-400ERF | 3 | Leased fan 'e KLM |
Boeing 747-400BCF | 1 | Ut 'e float yn 2015 |
McDonnell Douglas MD-11F | 4 | Ut 'e float yn 2016 |
Ungemakken
- 4 desimber 1974 fleach in Douglas DC-8 fan Martinair yn Sry Lanka tsjin in berch. Alle ynsittenden, 184 Yndonezyske passazjiers en 7 Nederlânske bemanningsleden, kamen om hals.
- 21 desimber 1992 ferûngelokke in Douglas DC-10 fan Martinair tidens de lâning op 'e lofthaven fan Faro yn it suden fan Portugal. It tastel hie 13 bemanningsleden en 327 passazjiers oan board, dy't de krystfakânsje oan 'e Algarve slite woenen. 54 passazjiers en 2 bemanningsleden kamen om hals.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.