Martin van Maele | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maurice François Alfred Martin | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 12 oktober 1863 | |
berteplak | Boulogne-Billancourt (regio Île-de-France) | |
stoarn | 5 septimber 1926 | |
stjerplak | Varennes-Jarcy (Île-de-France) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | yllustrator, kartoonist | |
bekendste wurk(en) | La Grande Danse macabre des vifs, yllustraasjes by wurken fan H.G. Wells, Pietro Aretino, Apuleius, Charles Sorel, Pierre Choderlos de Laclos, Jules Michelet en Denis Diderot | |
jierren aktyf | 1901 - 1926 |
Martin Van Maele - ek wol skreaun as Martin Van Maële - (Boulogne-Billancourt, 12 oktober 1863 – Varennes-Jarcy, 5 septimber 1926) wie in Frânsk yllustrator spesjalisearre yn eroatyske ôfbyldingen. Hy wie in tiidgenoat fan Édouard-Henri Avril. Soms brûkte er de skûlnamme A. Van Troizem.
Libben en wurk
Fan Maele waard berne as Maurice François Alfred Martin. Syn âlden Virginie Mathilde Jeanne Van Maele en Louis Alfred Martin kamen nei alle gedachten út België. [1] Syn heit wie sels graveur/skriuwer en sûnt 1885 learaar oan de hege skoalle fan de skiene keunsten Haute école d' appliques yn Genève.
Oer it libben fan Van Maele is fierders net folle mear bekend as syn aktive perioade fan 1901 oant 1926. Hy wurke sawol yn Brussel as Parys. Yn 1901 begûn syn karriêre earst goed mei it yllustrearjen fan The First Men in the Moon fan H.G. Wells dat publisearre waard troch Felix Juven. De jierren dêrnei soe er ek in tal omslaggen fan de aventoeren fan Sherlock Holmes by dyselde útjouwer yllustrearje.
Yn dy snuorje begûn er ek te wurkjen oan sadomasogistyske literatuer foar de útjouwer Charles Carrington en ek oan de wurken fan Apuleius en Thaïs fan Anat-France. Syn earste eigen wurk liet er útjaan ûnder de namme La Grande Danse macabre des vifs - 'De grutte grouwélige dûns fan libbene deaden' - yn 1905. [2] Yn dat wurk lit er yn fjouwer rigen sjen fan tsien cartoons op humoristyske en absurde wize seksueel tinte praktiken, fallyske fantasyen rûge makabere seks mei in earste glimp fan de oankommende dea. It meast bekende wurk fan him binne de yllustrearre útjeften fan Paul Verlaine's gedichten dy 't yn lytse ûnopfallende oplagen troch Carrington útjûn waarden.
Nei 't Carrington yn 1907 út Frankryk ferdreaun wie, gie Van Maele oan't wurk foar de útjouwer Jules Chevrel dêr 't er yllustrearre foar Pierre Choderlos de Laclos, Jules Michelet en Denis Diderot. Tusken 1909 en 1919 publisearre Van Maele sels mar fiif boeken - miskien as gefolch fan de oarloch.
Fan 1920 ôf wurke er gear mei Jean Fort oan klassike eroatyske wurken fan Pietro Aretino, Charles Sorel en oaren. Dêrnjonken ek oan it wurk fan Pierre Mac-Orlan. Meastentiids gie it om it sadomasochistyske sjenre, mar ek wol minder bekende praktiken as klysmafily.
Van Maele wie troud mei Marie Françoise Genet. It pear krige gjin bern. Doe't Van Maele yn de âldens fan 62 jier ferstoar wie er dwaande mei it diensmeitsjen fan syn bydrage oan Aretino's Dialogues. Hy waard beïerdige op it tsjerkhôf fan Varennes-Jarcy.[3]
Galery
- De foarplaat fan de earste searje La Grande Danse macabre des vifs
- Yllustraasje by it wurk fan Anatole France
- Yllustraasje by in gedicht fan Paul Verlaine
- "Illustration de La Grande Danse macabre des vifs, 1905."
Keppelingen om utens
- Martin Van Maele – The Erotica Bibliophile
- History of Erotic Art - Martin van Maele
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martin Van Maele fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |