Martenstsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Skearnegoutum
adresAchterbuorren
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1861
arsjitektMeinse Molenaar
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer39813 [1]
offisjele webside
PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaijingea

De Martenstsjerke oan de Achterbuorren yn Skearnegoutum is it tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaijingea.

PKN-gemeente

De PKN gemeente Skearnegoutum-Loaiïngea bestiet offisjeel sûnt 1 jannewaris 2005. Fanôf 1 jannewaris 1990 oant dy datum foarmen de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke in federaasje. Al yn 1994 waard de grifformearde tsjerke oan de Legedyk ferkocht oan in stoffearder. Sûnt dy tiid is der noch ien protestantske tsjerke yn Skearnegoutum, de Martenstsjerke. It Martenshûske wurdt brûkt as tsjerklik sintrum.[2]

Bouskiednis

Op 1 juny 1861 lei de soan fan de dûmny, Rinze Kijlstra, de earste stien foar de herfoarme tsjerke fan Skearnegoutum. De tsjerke ferfong de midsiuwske tsjerke út de 11e iuw. Troch it tichtsmiten fan it westlike diel fan de feart om de tsjerke fersakke de âlde tsjerke en wie dy brekfallich woarn. Om oan jild te kommen foar in nije pastory út 1864 waard in grut diel fan de fruchtbere grûn fan de terp ôfgroeven.[3]

Oargel

De tsjerke waard yn 2006 nei in restauraasje op 'e nij yn gebrûk nommen. Yn 2019 folge de restauraasje fan de toer.[4]

Ynterieur

By de restauraasje fan 2006 waarden de âlde banken ferwidere. De moderne banken foar de gemeente binne ôfkomstich út de yn 2005 sletten Rehobothtsjerke fan Sumar. Om de tsjerke geskikt te meitsjen foar multifunksjoneel gebrûk binne de foarste rigen banken ferfongen troch stuollen. It trijesidich sletten koer is wat ferhege. De preekstoel bleau op it âlde plak oan de meast eastlike muorre en wurdt oan wjerssiden flankearre troch de banken fan de tsjerkerie.

Oargel

It twamanualige oargel mei in haadwurk en boppewurk waard yn 1862 troch Willem Hardorff út Ljouwert boud. De oargelmakker brûkte by de bou de wynlade en it piipwurk fan it oargel dat Pieter Jans Radersma út Wiuwert yn 1841 brûkte foar de bou fan it oargel yn de midsiuwske tsjerke.[5]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.