De âlde Martenastate wie in state yn Koarnjum. Hy waard yn 'e 15e en 16e iuw bewenne troch de Martena's, in wichtige aadlike famylje. It hûs waard letter eigendom fan de famylje Vegelin fan Claerbergen. De lêste bewenner wie Duco Martena van Burmania Vegelin van Claerbergen. Hy joech it hûs oan de tsjerke fan Koarnjum, dy't de âlde ferfallen state yn 1899 ôfbrekke liet.
De nije Martenastate waard ûntwurpen troch de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot. It gebou stiet op in eilân yn 'e slotgrêft. It hûs hat neorenessansistyske trepgevels en liuwen op 'e toer. Eat wat de oandacht lûkt is de sipel boppe op 'e toer. De tagongspoarte (út 1620) by de yngong fan it park komt fan it ôfbrutsen Lânskipshûs yn Ljouwert.
Park Martenaste
It 4,5 bunder grutte park om de state is ien fan de rykste stinzetunen fan Fryslân. Yn de maitiid binne dêr ûnder mear Haarlimmer klokkespul, bosktulp, holwoartel, fingerhelmblom, blêdlok, giele anemoan, njirrewoartel en it boerekrookje te bewûnderjen. It behear fan it bûten wurdt dien troch It Fryske Gea.
Yn 2014 waard útein set mei it werombringen yn âlde steat fan it park dat eartiids yn lânskipsstyl oanlein waard. By dy gelegenheid kaam in noch ûnbekende hynstewâd yn de grêft fan de state oan it ljocht.[1]
Yn 2018 is Martenastate útwreide mei twa oangrinzjende perselen fan foarhinne Steatsboskbehear dy't in werynrjochting ûndergien hawwe ta in stinzefloarabosk en -singel. Yn novimber 2020 is de njonkenlizzende pleats oan de Martenawei 4 en it folsleine perseel taheakke oan it lânskipspark.[2]
- Njirrewoartel
- Blêdlok
- Bosktulp
Bewenners
- 1427 Jarich Martena
- 1472 Sytze Martena
- om 1500 Doeke Hessels fan Martena
- oant 1605 Doeke fan Martena (1530-1605) (pakesizzer fan de foargeande)
- Swob fan Martena en David fan Goirle
- Catharina Entens en Sjuck fan Burmania
- 1658 Laes fan Burmania
- oant 1702 Tjeerd van Burmania
- oant 1775 Epo Sjuck en Romelia Maria fan Haersma
- oant 1820 Remia Juliana Arntzenia fan Burmania en Ulbo Julius fan Sixma
- 1820 – 1833 Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen
- Ulrich Herman Wielinga Huber
- oant 1862 Anskje Doys Vegelin van Claerbergen
- oant 1899 Doeke Vegelin van Claerbergen
Literatuer
- Peter Karstkarel, Landgoed Martenastate Koarnjum. Friese Pers Boekerij 2014
- Martenastate. Proeftuin van het paradijs? redaksje: Henk Popma en Tjitte Kamminga, Utjouwerij Wijdemeer, Dokkum 2018 ISBN 9789492052520
- Stinzenplanten in Fryslân redaksje: Henk Buith, Stefien Smeding, Heilien Tonckens, Aad van der Burg, útjûn troch Noordboek, De Gordyk 2020 ISBN 9789056156220
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|