Marsum (Grinslân)
Sicht op Marsum
Sicht op Marsum
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal30 (31-12-2021) [1]
Oerflak0,12 km²
Oar
Postkoade9901
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 20' N 6° 52' E
Dizze side giet oer it doarp Marsum yn Grinslân. Foar it doarp Marsum yn Fryslân, sjoch: Marsum.

Marsum is in doarpke mei beskerme doarpsgesicht yn 'e Grinslânske gemeente Iemsdelta .

Skiednis

It doarp ûntstie yn de iere midsiuwen troch it oanienriigjen fan in pear hûswierden. Op de sintrale wierde waard yn de 12e iuw of krekt wat letter de oan Mauritius wijde tsjerke boud.

Neffens in dokumint út 1344 bestie it doarp út twa helten of 'kluften' (in buorskip), nammentlik de Mentedakluft (Mentetaclowe) en de kluft om it tsjerkhôf (Hofsetenaclowe). Tegearre mei de pleatsen oan de oare kant fan de Heekt by Katmis (Heksetaclowa) foarmen hja de helte fan de rjochtstoel fan Holwierde en Marsum. De namme Menteda ferwiist ek nei in kluft yn it feanterijdoarp Siddeburen, wêrfan't de earste bewenners faaks út Marsum kamen. De wierde fan Marsum foarme it útgongspunt fan in kilometerslange stripe oanmakkerijen, dy't by Siddeburen lâns rûn oant de eardere Siepsleat by Noardbroek. In dochterdelsetting fan Marsum is Solwerd oan it Damsterdjip, dat nei alle gedachten yn de 13e iuw in eigen tsjerke krige.

Marsum waard yn de rin fan de tiid in echt doarp, dat lykwols yn de Frânske tiid by it Belis fan Delfsyl (1813-1814) hast folslein fan 'e kaart fege waard.

De wierde fan Marsum waard yn it begjin fan de 20e iuw foar it measte ôfgroeven. De radiale struktuer fan it doarp is lykwols bewarre bleaun. Njonken de tsjerke en it tsjerkhôf hat it doarp noch in pear pleatsen. Der rint mar ien wei nei it doarp, de dearinnende Marsumerwei.

Noardlik fan Marsum waard oan de Marsumerwei ûnder Holwierde yn de jierren 1950 troch de Keninklike Loftmacht yn ferskillende bunkers it Navigaasjestasjon Grinslân boud, dy't oant 1964 yn gebrûk wiene.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.