- De Wikipedy hat ek in side Jouswierpolder.
Marlannen | ||
bysûnderheden | ||
oerflak | 80 ha | |
drûchlein | 1855 |
De Marlannen is it gebiet om it yn likernôch 1855 drûchmealde marke hinne, súdeastlik fan it doarp Jouswier. Yn 1926 waard de wynmûne ferfongen troch in elektrysk gemaal. It plusminus 80 ha. grutte gebiet is sûnt de yn de 80er jierren fan de foarige iuw foltôge ruilferkaveling yn eigendom fan Steatsboskbehear.
Yn de maitiid is it in briedplak foar kobben, wytstirns en steltrinners as de klút. Troch sâlte parswetter is nei ferrin fan tiid, benammen nei de ôfsluting fan de Lauwerssee, in fegetaasje ûntstien fan sâltplanten. It is ien fan de pear plakken yn West-Europa dêr't brakwettersoarten as it sultsje en koartierige krabbekrûd binnendyks groeie. Der binne ek in protte fan it seldsumer wurdende goudknopke (Cotula coronopifolia) te finen.
Oare typyske plantesoarten fan de sâltige greiden lykas sâltige sparjekrûd, molkkrûd, hinnebal en sompesâltgers groeie dêr ek.