Mark van Eeuwen
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMark Willem van Eeuwen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne23 july 1976
berteplakWarnsveld (Gelderlân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
jierren aktyf2004 – no
offisjele webside
Mark van Eeuwen op Twitter

Mark van Eeuwen (folút: Mark Willem van Eeuwen; Warnsveld, 23 july 1976) is in Nederlânsk tillefyzje-, film- en toanielakteur en teffens presintator en filmprodusint. Hy waard ferneamd mei syn rol as Jack van Houten yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Fierders hat Van Eeuwen spile yn û.m. de films Rendez-vous en Kidnapping Mr. Heineken.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Van Eeuwen waard yn 1976 berne yn Warnsveld, by Sutfen, mar brocht syn earste libbensjierren troch yn it Feluwske Beekbergen. Mei tolve jier ferhuze er mei syn âlden en jongere broer Dirk-Jan nei Schijndel, dêr't er fierder opgroeide. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie oan it Elde Kolleezje yn syn wenplak, studearre er kommersjele ekonomy oan 'e Hegeskoalle fan Utert.

Under syn studintetiid yn Utert wie Van Eeuwen lid fan it Utrechtsch Studenten Corps, dêr't er û.m. aktyf belutsen wie by it Studenten Toneelgezelschap. Doe't er yn Utert syn bachelortitel behelle hie, learde er fierder foar in mastergraad oan 'e Universiteit fan Amsterdam. It wie yn dy tiid dat Van Eeuwen him oanmelde foar de London Academy of Music and Dramatic Arts, dêr't er yn 2004 ôfstudearre.

Karriêre

Aktearwurk

Nei wat figuraasje- en reklamewurk krige Van Eeuwen yn 2004 syn earste echte rol yn 'e dramasearje Bitches. Datselde jiers hied er in lytse byrol yn 'e troch Johan Nijenhuis regissearre spylfilm Snowfever. Yn 2005 bemachtige Van Eeuwen een gastrol yn 'e Ingelske dramarige Mike Bassett: Manager, fan tillefyzjestjoerder ITV. Foar Yorin spile er yn 2004-2005 de rol fan Matthijs van Groningen yn 'e dramasearje Kicken. Yn it foarjier fan 2005 waard er selektearre foar de rol fan Jack van Houten yn 'e RTL4-soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Mei dy rol, dy't er fan 2005 oant 2017 fertolke, briek er troch, en dêrtroch wist er ek oar wurk te krijen, lykas in gastrol yn 'e searje Voetbalvrouwen (2007) en in rol yn 'e film De Eetclub (2010). Fierders hied er yn 2015 rollen yn searjes as Dagboek van een Callgirl en Meiden van de Heerengracht.

Yn 2012 die Van Eeuwen mei oan it realitytillefyzjeprogramma Strictly Come Dancing, in dûnswedstryd foar bekende Nederlanners. Op 13 oktober dat jiers wûn er de westryd tegearre mei syn partner, dûnsynstruktrise Jessica Maybury. Yn 'e finale moast er it opnimme tsjin presintatrise Sylvana Simons, dy't doe al wiken foar de ûnbekreaude winneresse holden waard. Van Eeuwen krige lykwols úteinlik de measte stimmen fan it publyk.

Yn novimber 2013 begûnen de opnamen fan 'e histoaryske film Kidnapping Mr. Heineken, oer de ûntfiering fan Freddy Heineken. It wie de Ingelsktalige remake fan De Heineken Ontvoering, út 2011. Van Eeuwen krige yn 'e remake de rol fan ûntfierder Frans Meijer tabedield (dy't yn it Nederlânsktalige orizjineel spile wie troch Teun Kuilboer). De oare ûntfierders waarden spile troch Jim Sturgess en Sam Worthington, wylst sir Anthony Hopkins de rol fan Freddy Heineken op him naam. Yn 'e simmer fan 2014 hie Van Eeuwen fierders de haadrol yn 'e troch Antoinette Beumer regissearre film Rendez-vous, nei de roman mei deselde namme fan skriuwster Esther Verhoef.

Yn july 2015 setten de repetysjes útein foar de musical The Bodyguard, dy't op 27 septimber fan dat jier yn premiêre gie. Van Eeuwen hie dêryn de rol fan liifwacht Frank Farmer (yn 'e oarspronklike film fertolke troch Kevin Costner). Yn 2016 hie Van Eeuwen mei Peaske de rol fan 'e apostel Petrus yn 'e musical The Passion 2016. Yn 2018 spile er de rol fan Wulf yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan de Friezen mei deselde namme. Yn 2020 hie Van Eeuwen in lytse rol as fersetsman Pim den Oever yn 'e oarlochsfilm De Slag om de Schelde, oer de histoaryske Slach om 'e Skelde út 'e einfaze fan 'e Twadde Wrâldoarloch.

Oar wurk

Njonken syn aktearkarriêre hat Van Eeuwen ek wurke as presintator, û.m. yn Vrienden Houden Huis (2008) en Ik Kom bij Je Eten (2009-2010), en as stimakteur yn 'e Nederlânsktalige ferzje fan 'e animaasjefilm Monsters vs. Aliens (2009). Yn 'e simmer fan 2014 produsearre er tegearre mei Beau van Erven Dorens foar Veronica it tillefyzjeprogramma De Vliegende Hollanders. Fierders wie Van Eeuwen ek útfierend produsint foar de Amerikaansk-Kolombiaanske film Blunt Force Trauma (2015), mei yn de haadrol Mickey Rourke, en foar de Nederlânske histoaryske oarlochsfilm De Slag om de Schelde út 2020.

Filmografy

As akteur

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2004BitchesPatrickgastrol; 1 ôfl.
2004–2005KickenMatthijs van Groningenfêste rol
2005–2017Goede Tijden, Slechte TijdenJack van Houtensoapsearje; 810 ôfl.
2005Mike Bassett: ManagerRonnie van Needlemansgastrol; 1 ôfl.
2007VoetbalvrouwenDamianweromkearende rol; 4 ôfl.
2007Zone Stadonenightstandgastrol, 1 ôfl.
2008Vrienden Houden Huisn.f.t.as presintator; op RTL5
2009–2010Ik Kom bij Je Etenn.f.t.as presintator; op RTL4
2012Strictly Come Dancinghimselsdielnimmer oan in realitytillefyzjeprogramma by de AVRO; winner fan dûnswedstryd
2014Rechercheur RiaDirk de Grootgastrol; 1 ôfl.
2015Dagboek van een CallgirlBernard Lansink van Rechteren  weromkearende rol; 2 ôfl.
2015BlufWilliam Finesgastrol; 2 ôfl.
2015Meiden van de HerengrachtBillygastrol; 1 ôfl.
2016The Passion 2016Petrustillefyzjespecial y.f.m. Peaske
2016–2022Flikken RotterdamDries van Weeldenfêste rol; 60 ôfl.
2017B.A.B.S.Angus Davidsonweromkearende rol; 5 ôfl.
2017Roodkapje: Een Modern Sprookje  Scouttillefyzjefilm foar bern
2017–2018Familie Kruyshimselsweromkearende rol; 2 ôfl.
2020Kerstgezel.nlJoostminysearje; 4 ôfl.
2021Yentl en De Boer: De Seriestalkingslachtoffergastrol; 2 ôfl.
2022OddsFred Joostengastrol; 1 ôfl.
films
2004SnowfeverDirk
2009Monsters vs. AliensDerek Dietlas stimakteur by de Nederlânsktalige neisyngronisearring
2010I Can FlyWillem van Gent
2010De EetclubMichel Brouwers
2013AppSim
2013Finnheit fan Erik
2015Kidnapping Mr. HeinekenFrans Meijeralternative titel: Kidnapping Freddy Heineken; Ingelsktalige remake fan De Heineken Ontvoering
2015Rendez-vousEric
2016SingEddieas stimakteur by de Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017Alles voor ElkaarMike
2018Blijf van Mijn KindTeun
2018RedbadWulf
2020De Slag om de ScheldePim den Oever
2020King of the Roadminister
2022StromboliKarelek filmprodusint

As produsint

Filmografy as produsint
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2014De Vliegende Hollanders  tillefyzjeprodusintyn 'e mande mei Beau van Erven Dorens; foar Veronica
2020Kerstgezel.nlútfierend produsint  minysearje; 4 ôfl.; ek akteur
2024De Joodse Raadtillefyzjeprodusintminysearje; 5 ôfl.
films
2015Blunt Force Traumaútfierend produsint
2019Colosseumfilmprodusintkoarte film
2020De Slag om de Scheldeútfierend produsintek akteur
2021Love in a Bottlefilmprodusint
2022Berenklauwfilmprodusintkoarte film
2022Strombolifilmprodusintek akteur
2023Leeuwinfilmprodusint

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.