Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Mark Rutte
Algemien
Berne14 febrewaris 1967
BerteplakDe Haach
PartijVVD
ReligyHerfoarme
TitelsDrs.
Politike funksjes
1988-1991Foarsitter JOVD
1993-1997Lid haadbestjoer VVD
2002-2004Steatssikretaris Sosjale Saken en Wurkgelegenheid
2003, 2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022Lid Twadde Keamer
2004-2006Steatssikretaris Underwiis, Kultuer en Wittenskippen
2006-hjoedPolityk lieder VVD
2006, 2010, 2012, 2017, 2021Listlûker
2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
2010-hjoedMinister fan Algemiene Saken
2010-hjoedMinister-presidint

Mark Rutte (De Haach, 14 febrewaris 1967) is in Nederlânsk politikus. Sûnt 14 oktober 2010 is hy minister-presidint fan Nederlân en minister fan Algemiene Saken. Op 26 oktober 2017 waard syn tredde kabinet, kabinet-Rutte III, beëdige en op 10 jannewaris 2022 syn fjirde kabinet, kabinet-Rutte IV. Hy is ek polityk lieder fan 'e Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD).

Nei in gymnasiumoplieding yn syn berteplak De Haach folge Rutte fan 1985 ôf oan 'e Universiteit fan Leien in skiednisstúdzje dy't er yn 1992 ôfmakke. Ek wie er fan 1988 oant 1991 foarsitter fan 'e JOVD. Nei syn stúdzje wurke Rutte tsien jier by Unilever op 'e ôfdieling meiwurkerssaken en siet er inkelde jierren yn it partijbestjoer fan 'e VVD.

Yn 2002 makke Rutte de oerstap fan it bedriuwslibben nei de lânlike polityk. Hy wie steatssikretaris fan Sosjale Saken en dêrnei fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it earste en twadde kabinet-Balkenende. Tuskentroch wie er ek noch efkes Twadde Keamerlid.

By de ferkiezings yn 2017 it Rutte de VVD nei 33 sitten te lieden, in ferlies fan 8 sitten mar genôch om op 'e nij as winner de kabinetsformaasje yn te gean.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.