Marit Bouwmeester | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 17 juny 1988 | |
berteplak | Warten | |
sportive ynformaasje | ||
sport | silen | |
ûnderdiel | Laser radiaal | |
trener | Mark Littlejohn | |
earste titel | NK 2007 Laser Radiaal | |
O.S. | Londen 2012 Rio de Janeiro 2016 | |
debút | 2002 | |
wichtige prestaasjes | ||
Olympyske Simmerspullen 2012 Londen Olympyske Simmerspullen 2016 |
Marit Bouwmeester (Warten, 17 juny 1988) is in Frysk sylster. Bouwmeester is lid fan sylclub KWV Frisia en wennet yn Warten. Marit Bouwmeester is de suster fan Roelof Bouwmeester dy't lykas har op it heechste nivo sylt.
Bouwmeester har karriêre begûn doe't se nei eigen sizzen per ûngelok yn de jeugd kearnploech fan it hurdsilen bedarre mei har boat de optimist. Doe't se te âld waard foar de optimist, is se oerstapt op de Laser radiaal klasse hokker no in Olympyske klasse is. Bouwmeester is nomineare om mei te dwaan oan de Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen.
Yn it Australyske Perth waard de sylster wrâldkampioen. De olympyske wedstriden wurde syld op it wetter by Weymouth. Dêr wûn Marit earder dit jier de wrâldbekerwedstriid en ek it pre-olympysk toernoai. Boppedat waard se winner fan de wrâldbeker yn Medemblik. As de nûmer ien op de wrâldranglist en winner fan it algemien klassemint om de wrâldbeker 2011 wie de 23-jierrige sylster ien fan de grutte favoriten foar it WK fan Perth. Tidens it Wrâldkampioenskip yn it Spaanske Cadiz, wist Bouwmeester har te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen. Under dy Spullen wûn Bouwmeester in sulveren medalje.
Yn 2016 wûn se op 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro in gouden medalje.
Underskiedings
Foar har sylprestaasjes krige se yn 2010 en yn 2011 de Conny van Rietschoten Trofee, de grutste sylpriis fan Nederlân. by de huldiging op 24 augustus 2016 is hja keninklik ûndrskieden foar har prestaasje troch kening Willem Alexander. Hja is benoemd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje -Nassau. Nei oanlieding fan har olympyske gouden medalje mocht hja foar de tredde kear de Conny van Rietschoten Trofee yn ûntfangst nimme, diskear dield mei olympysk kampioen RS:X Dorian van Rijsselberghe. Yn 2017 krige hja de ISAF World Sailor of the Year Award. Op 15 febrewaris 2017 waard se foar de fyfde kear yn har karriêre útroppen ta Frysk sportfrou fan it jier, yn dit gefal sportfrou fan it jier 2016, tegearre mei turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean.[1]
Prestaasjes
- WK 2018
- EK 2018
- EK 2017
- WK 2017
- 4e op it WK 2016
- Olympyske Winterspullen yn de Laser Radiaal foar froulju
- WK 2014
- Olympyske Simmerspullen Londen
- 1e ISAF Sailing Worldcup Weymouth
- 1e Delta Lloyd Regatta Laser Radiaal
- 1e Wrâld Kampioenskip Laser Radiaal yn Perth, Austraalje
- 2e Nederlânsk kampioenskip Radial froulju
- 1e ISAF Sailing Worldcup Weymouth
- 2e Wrâld Kampioenskip Laser Radial yn Largs, Skotlân
- 1e ISAF Sailing Worldcup Medemblik
- 1e 12 maaie ISAF World Ranking
- 2e Womens Radial North American Championship
- 1e ISAF Sailing Worldcup Melbourne, Austraalje
- 3e Sail For Gold Weymouth, Ingelân
- Nederlânsk kampioen Radial froulju
- Nederlânsk kampioen Laser Radial iepen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Referinsjes
|