Finske mariniers by in lâningsoefening.
Dizze side giet oer it begryp 'marinierskorps' yn it algemien. Foar it Nederlânske marinierskorps, sjoch: Korps Mariniers.
Marinier wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: marinier (betsjuttingsside).

In marinierskorps is in ynfantery-ienheid fan 'e striidkrêften fan in steat, dy't him taleit op it ûnderstypjen fan 'e operaasjes fan 'e marine op see en de lânmacht op lân, en dêrby benammen spesjalisearre is yn it útfieren fan lâningsoperaasjes. Oare beneamings foar itselde soarte troepen binne: mariniers, marineynfantery, marinekorps, seelâningstroepen en (argaysk) seesoldaten.

It marinierskops foarmet yn 'e measte lannen in ûnderdiel fan 'e marine. Soms ûntstiet der betizing tusken de begripen 'mariniers' en 'marine', temear om't de mariniers yn it Ingelsk marines neamd wurde, en de marine navy. Der bestiet lykwols in strikte skieding tusken de mariniers en de marine. Rûchwei kin steld wurde dat de marine it floatpersoneel omfiemet, dat de skippen befart, wylst de mariniers gefjochtssoldaten binne dy't fan 'e skippen ôfkomme om ek oan lân it gefjocht mei de fijân oan te gean. Sadwaande komme de rangen fan it marinierskorps ek folle mear oerien mei dy fan 'e lânmacht as mei dy fan 'e marine (sa hawwe de mariniers bygelyks generaals ynstee fan admiraals).

Histoarysk tsjinnen mariniers oan board fan oarlochsskippen, en bestie harren wurk der benammen út om oare skippen te interjen en om soarch te dragen foar de dissipline oan board fan it eigen skip. Dêrnjonken fierden mariniers lânings út op ûnbekende of fijannige kusten. De taken fan moderne mariniers ferskille per lân. Yn Nederlân en it Feriene Keninkryk binne it Korps Mariniers, resp. de Keninklike Mariniers (Royal Marines) as ûnderdiel fan 'e marine útrist as lichte ynfantery. Dêrtroch binne se fluch en mobyl ynsetber mei in lichte bewapening. Yn Frankryk falle de yn lâningsoperaasjes spesjalisearre Troupes de Marine ûnder de lânmacht, wylst de Fusiliers Marins (mei befeiligingstaken) en de Commandos Marine (in kommando-ienheid) beide ta marine hearre.

Yn de Feriene Steaten foarmet it Amerikaanske Marinierskorps (United States Marine Corps) in selsstannige tûke fan de striidkrêften, los fan 'e Amerikaanske Marine. It USMC beskikt oer swiere meganisearre gefjochtsienheden mei tanks, (amfibysk) pânserreau, swier geskut en eigen gefjochtsfleantugen en helikopters foar stipe út 'e loft. Dêrmei is it USMC eins in soarte fan twadde lânmacht, en yn 'e Irakoarloch, bygelyks, hat it yn Ar-Ramadi en Fallûdja fochten, op hûnderten kilometers ôfstân fan 'e see. Dêrnjonken binne de mariniers ek ferantwurdlik foar de befeiliging fan Amerikaanske ambassades en konsulaten yn it bûtenlân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.