Marije-Himelfearttsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Wytgaard
adresTjissema 2
koördinaten53° 08' N 5° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
arsjitektH.J. van Wissen
boujier1966
Webside
Hiemside Sint-Fitusparochy
Kaart
Marije-Himelfearttsjerke (Fryslân)
Marije-Himelfearttsjerke

De Marije-Himelfearttsjerke is de roomsk-katolike tsjerke fan Wytgaard. De tsjerke is oansletten by de Sint-Fitusparochy, dêr't njonken de twa roomske tsjerken fan Ljouwert ek de Sint-Martinustsjerke fan Wergea ûnder falt.

Op 9 novimber 2023 makke it parochybestjoer bekend dat der plannen binne om de Marije-Himelfearttsjerke fan Wytgaard ôf te stjitten en te ferkeapjen.[1]

Skiednis

De tsjerke waard yn 1965-1966 yn it midden fan 'e nije doarpsútwreiding oan 'e westlike kant fan de Buorren boud, nei't bliken dien hie dat de Cuyperstsjerke by it tsjerkhôf fanwegen de hege kosten om it gebou te restaurearjen ôfbrutsen wurde moast. Dy tsjerke wie in monumintale neogoatyske krústsjerke dy't yn de jierren 1871-1872 de âlde skûltsjerke Mater Dei út 1719 ferfong.

De hjoeddeiske Himelfeartstsjerke út 1966 is in ûntwerp fan de Grinzer arsjitekt H.J. van Wissen.

It alter fan de Himelfearttsjerke is fersierd mei in mozaïek fan Marije. Op it mozaïek wurdt ek de âlde Cuyperstsjerke ôfbylde.

Yn 2017 krige de tsjerke in krúswei. De staasjes binne ôfkomstich út de yn 2017 foar de earetsjinst sletten Sint-Markustsjerke fan Jirnsum.

Oargel

It Van Dam-oargel (1882) fan 'e Cuyperstsjerke waard nei de sloop yn 'e nije tsjerke opboud en sa opsteld dat it front net mear sichtber is.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.