Marije Amalia fan Nassau-Dietz of Maria Amalia fan Nassau-Dietz (Hof fan Fryslân, Den Haach, 29 jannewaris 1689 - Slot Oranienstein (Dietz), 27 jannewaris 1771) wie de twadde dochter fan Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz en Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau.

Sy waard ferneamd nei har peetmuoike Marije II fan Ingelân. Dy wie ek by har doop op 8 febrewaris 1689 yn de Grutte- of Sint-Jakobstsjerke fan Den Haach.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.