Margareta fan Parma (Oudenaarde, 5 july 1522 - Ortona, 18 jannewaris 1586) wie lânfâdesse foar Filips II oer de Nederlannen fan 1559 oant 1567, doe't de Hartoch fan Alva nei de Nederlannen stjoerd waard. Sy wie in ûnechte dochter fan Karel V en Johanna Maria fan der Gheynst. Sy wie hartoginne fan Florâns, Parma en Piacenza troch har houlikken.
Histoaryske romans
Dr. Jane de Iongh skreau oer har de histoaryske roman Madama, Margaretha van Oostenrijk, Hertogin van Parma en Piacenza 1522 - 1586, Querido, Amsterdam, 1967. Ek Jan Siebelink hat in roman Margaretha (2002) oer har libben skreaun.
Keppeling om utens
- Portret yn Digitaal Frouljusleksikon
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Margarethe von Parma fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.