Margareta fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1315 | |
berteplak | Dunfermline (Skotlân) | |
stjerdatum | 30 maart 1346 | |
stjerplak | Balmuto (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Skotsk Iersk Ingelsk Normandysk |
Margareta fan Bruce (Ingelsk: Margaret Bruce, Normandysk-Frânsk: Marguerite de Brus; Dunfermline (Skotlân), ±1315 – Balmuto (Skotlân), 30 maart 1346) wie in Skotske prinsesse en de jongere dochter út it twadde houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben
Oer Margareta fan Bruce is net sa'n soad oerlevere. Hja waard yn omtrint 1315 yn it Paleis fan Dunfermline berne as de dochter fan kening Robert I fan Skotlân en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh, nei't har mem út in achtjierrige finzenskip yn Ingelân frijlitten wie. Sawol oan heite- as memmekant stamme hja út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed.
Margareta hie in folle suster, Maud, dy't trettjin jier âlder wie, en in jongere broer, David II, mei wa't se njoggen jier skeelde, en dy't nei it ferstjerren fan harren heit kening fan Skotlân waard. In twadde broer fan Maud, David syn twillingbroer, dy't Jan hiet, kaam al mei trije jier te ferstjerren. Margareta hie ek in âldere healsuster, Marjorie, út har heite earste houlik mei Isabella fan Mar.
Yn 1345, doe't se likernôch tritich jier west hawwe moat, troude Margareta mei Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland, mei wa't se ien bern krige. Hja stoar op 30 maart 1346 yn Balmuto, yn Fife, yn it kreambêd, nei't hja har soan Jan (1346-1361) te wrâld brocht hie. Margareta waard omtrint 31 jier.
Foarâlden fan Margareta fan Bruce
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon | ||||||||||||||||
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke | ||||||||||||||||
2. Robert I, kening fan Skotlân | ||||||||||||||||
20. Cailean, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
10. Neil, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
21. ûnbekend | ||||||||||||||||
5. Marjorie, grevinne fan Carrick | ||||||||||||||||
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân | ||||||||||||||||
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald | ||||||||||||||||
23. Bethóc, grevinne fan Angus | ||||||||||||||||
1. Margareta fan Bruce | ||||||||||||||||
24. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht | ||||||||||||||||
12. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster | ||||||||||||||||
25. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht | ||||||||||||||||
6. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster | ||||||||||||||||
26. Jan FitzGeoffrey | ||||||||||||||||
13. Isabella FitzJohn | ||||||||||||||||
27. Isabella Bigod | ||||||||||||||||
3. Elizabeth fan Burgh, grevinne fan Ulster | ||||||||||||||||
28. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent | ||||||||||||||||
14. Jan fan Burgh | ||||||||||||||||
29. Beätriks fan Warenne | ||||||||||||||||
7. Margareta fan Burgh | ||||||||||||||||
30. Willem III fan Lanvaley | ||||||||||||||||
15. Hawise fan Lanvaley | ||||||||||||||||
31. Maud fan Peche | ||||||||||||||||
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |