Mardi Gras
De fiering fan Mardi Gras yn New Orleans (2009).
De fiering fan Mardi Gras yn New Orleans (2009).
plak en tiid
lânferskaat
datumde tiisdei foar Jiskewoansdei
tiid fan it jierfebrewaris of maart
bysûnderheden
oanliedingkarnaval
soarte evenemintfolksfeest (foarhinne hjeldei)
Dizze side giet oer it folksfeest dat ferbân hâldt mei karnaval. Foar oare betsjuttings, sjoch: Mardi Gras (betsjuttingsside).

Mardi Gras (Frânsk foar "Fette Tiisdei"; Frânske útspr.: [maʀ'di gʀa], likernôch: "mach-dy gcha"; Ingelske útspr.: ['ma:ɹdi gɹa:], likernôch: "maar-dy graa") is de dei foàr Jiskewoansdei, dy't yn it Frysk ornaris Fêsteljûn neamd wurdt. It is de lêste dei, en dêrmei faak it hichtepunt, fan it karnaval. Oarspronklik wie it in hjeldei, dy't yn betsjutting weromgie op 'e tiid dat der mar amperoan mooglikheden wiene om iten langere tiid goed te hâlden as it waar waarmer waard. Alle iten dat noch oer wie fan 'e winter moast dêrom foarôfgeande oan 'e fêsteltiid opiten wurde, want oars waard it ferkeard. Dêrfandinne komt de Frânske namme ek: men moast trochite oant men goed fet wie. Tsjintwurdich is Mardi Gras mear in ferklei- en optochtsfeest, dat yn ferskate stêden oer de hiele wrâld holden wurdt en ornaris trije dagen duorret.

Plakken

Plakken mei ferneamde fierings fan Mardi Gras binne û.m. de Amerikaanske stêden New Orleans, Mobile (Alabama), St. Louis en Galveston (Teksas), Rio de Janeiro yn Brazylje, Aalst yn Flaanderen, Barranquilla yn Kolombia, Binche yn Walloanje, George Town yn 'e Kaaimaneilannen, Port of Spain yn Trinidad en Tobago, Kebek yn Kanada, en Mazatlán yn Meksiko.

In optocht fan 'e Knights of Revelry by de Mardi Gras-fiering yn Mobile yn 2010.

New Orleans

Fierwei it bekendst is de Mardi Gras-fiering yn New Orleans, dêr't it faak wyld om en ta giet ûnder it faak hearde biedwurd "Laissez les bons temps rouler" ("Lit de goede tiden rôlje"). Mardi Gras yn New Orleans is in utering fan 'e oarspronklike Frânske en roomske identiteit fan 'e stêd, wêrby't in protte gebrûk makke wurdt fan 'e kleuren pears en grien. Ek is it de gewoante om kralekeatlings, saneamde Mardi Gras throws, nei inoar te goaien. Berucht binne de jonge froulju dy't by it Mardi Gras-feest fan New Orleans harren topkes omheech lûke om harren bleate boarsten sjen te litten yn ruil foar kralekeatlings. Oars as faak tocht wurdt, is dat al in âlde tradysje, dy't foar it earst dokumintearre waard yn 1889.

Mobile

Mobile, oan 'e súdkust fan 'e Amerikaanske steat Alabama, waard yn 1702 stifte as de earste haadstêd fan 'e Frânske koloanje Louisiana. Hoewol't it Mardi Gras fan New Orleans folle bekender is, makket Mobile der oanspraak op dat de Mardi Gras-fiering dêre de âldste is, mei't de earste fiering datearret fan 1703.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.