Maputo
Lân Mozambyk
Provinsje:Maputo
Ynwennertal ± 1.244.000 (2006)
Ynwennertal stêdekloft:± 1.8 miljoen (2006)
Oerflak stêdekloft:300 km²
Tiidsône:CAT UTC+2
Boargemaster:David Simango
Webside:Hiemside fan Maputo
Lourenço Marques yn 1905

Maputo (oant 1976 Lourenço Marquez) is de haadstêd fan Mozambyk en fan de provinsje. De stêd hat likernôch 1,2 miljoen ynwenners en is biskopssit fan sawol de katolike as de anglikaanske tsjerke. Ek is dêr de Universidade Eduardo Mondlane, de earste universiteit fan it lân festige.

Maputo út it súdeasten wei sjoen

Ut de skiednis

Maputo yn 1781 stifte en hiet earst Lourenço Marques nei de Portugeeske ûntdekkingsreizger Lourenço Marques dy't it gebiet yn 1544 ferkende. Yn 1895 waard in spoarferbining mei Pretoria yn Súd-Afrika oanlein mei fan gefolgen dat de befolking tanaam. Yn 1898 waard Lourenço Marques de haadstêd fan Mozambyk. Nei it ûnôfhinklik wurden fan Mozambyk yn 1975 waard de namme feroare yn Maputo. Nei it fuortgean fan de Portegezen, dy't de measte liedende posysjes beklaaiden, rekke de stêd yn it earstoan yn ferfal, mar no is de stêd wer opmakke en wurdt der in soad nijbou foar de groeiende middenklasse set. Teffens binne der plannen foar de bou fan kantoargebouwen, hotels, sportfasiliteiten: Maputo is ien fan de hurdst groeiende stêden yn Afrika.

Geografy

Maputo leit oan de westkant fan de Maputobaai, dy't 95 km lang en 30 km breed is. Yn de stêd sels mûnet de rivier de Tembe yn de Yndyske Oseaan. Yn it suden fan de Maputobaai komt de rivier Maputo út.

Ekonomy

Maputo hat in moderne haven dy't as útfierhaven foar stienkoal, katoen, sûker, chroom, sisal, kopra en hurdhout tsjinnet. De stêd prdusearret sement, ierdewurk, meubels, skuon en rubber. Fierders is de grutte aluminiumranerij Mozal dêr festige. Maputo leit 120 kilometer fan de Súd-Afrikaanske grins by Ressano Garcia en 80 kilometer fan de grins mei Swazilân.

Susterstêden

Ut noardwesten wei sjoen

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.