Mangoesten
In sebramangoeste mei in jong.
In sebramangoeste mei in jong.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift:katdieren (Feliformia)
tuskenskift:siveteftigen (Viverroidea)
boppefamylje:mangoesteftigen (Herpestoidea)
famylje:mangoesten (Herpestidae)
Bonaparte, 1845
It ferspriedingsgebiet fan 'e ûnderskate soarten mangoesten.
In gewoane dwerchmangoeste.
In pear stoksturtsjes.

De mangoesten (Latynske namme: Herpestidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). De binne 33 libbene soarten mangoesten, ferdield oer 15 ferskillende skaaien, dy't foarkomme yn Afrika, Súd-Jeropa, Súd- en Súdeast-Aazje en it Midden-Easten. Teffens libje se op Hawaï en op Porto Riko en guon oare Karibyske eilannen, mar dêr binne se eksoatysk. Yn grutte rinne de ûnderskate soarten útinoar fan 30 sm oant 1,2 m lingte, mei in gewicht fan 280 g oant 4,1 kg. Se ite aaien en fruchten, en binne fûleindige jagers op ynsekten, krabben, wjirms en hagedissen, mar se steane der fral bekend om dat (guon soarten) ek giftige slangen net út 'e wei geane. De bekendste soarten binne de sebramangoeste en it stoksturtsje, beide út Afrika.

It wurd "mangoeste" komt út it Maratysk, in Yndo-Aryske taal út Midden-Yndia (û.m. sprutsen yn Bombay), fan it wurd मुंगूस, mungūs (útspr: [muŋɡu:s]). It hat wol kâns dat it Maratysk it wer út ien fan 'e Dravidyske talen fan Súd-Yndia oernommen hat (ferlykje Telûgû: ముంగిస, mungīsa; en Kanareesk: ಮುಂಗಿಸಿ, mungisi).

Taksonomysk sjoen waarden de mangoesten oant de jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw ta de famylje fan 'e sivetkatten (Viverridae) rekkene. Doe binne se in selsstannige famylje wurden, dêr't earst ek de ûnderfamylje fan 'e Madagaskarmangoesten (Galidiinae), mei 4 libbene soarten, ûnder beflapt waard. Mar neier ûndersyk hat útwiisd dat dy nauwer besibbe binne mei de Madagaskarsivetkatten, dat doe is dy ûnderfamylje dêrhinne ferpleatst.

Famylje-opbou

  • famylje mangoesten (Herpestidae)
    • ûnderfamylje echte mangoesten (Herpestinae)
      • skaai Afrikaanske reinwâldmangoesten (Bdeogale)
        • jacksonmangoeste of Jacksons mangoeste (Bdeogale jacksoni)
        • plomsturtmangoeste (Bdeogale crassicauda)
        • swartpoatmangoeste (Bdeogale nigripes)
      • skaai gewoane mangoesten (Herpestes)
        • Egyptyske ichneumon (Herpestes ichneumon)
        • halsbânmangoeste (Herpestes semitorquatus)
        • Yndyske brune mangoeste (Herpestes fuscus)
        • Yndyske ichneumon (Herpestes edwardsii)
        • Yndyske mangoeste (Herpestes javanicus)
        • koartsturtmangoeste (Herpestes brachyurus)
        • krabbefrettende mangoeste (Herpestes urva)
        • langsnútmangoeste (Herpestes naso)
        • rodzige mangoeste (Herpestes smithii)
        • streekhalsmangoeste (Herpestes vitticollis)
      • skaai mellermangoesten (Rhynchogale)
        • mellermangoeste (Rhynchogale melleri)
      • skaai moerasmangoesten ("Atilax)
        • moerasmangoeste (Atilax paludinosus)
      • skaai slanke mangoesten (Galerella)
        • Angoleeske slanke mangoeste (Galerella flavescens)
        • Kaapske grize mangoeste (Galerella pulverulenta)
        • slanke mangoeste (Galerella sanguinea)
        • Somalyske slanke mangoeste (Galerella ochracea)
      • skaai wytsturtmangoesten (Ichneumia)
        • wytsturtmangoeste (Ichneumia albicauda)
    • ûnderfamylje kûsimansen en stoksturtsjes (Mungotinae)
      • skaai Afrikaanske tropyske savannemangoesten (Dologale)
        • Afrikaanske tropyske savannemangoeste (Dologale dybowskii)
      • skaai dwerchmangoesten (Helogale)
        • gewoane dwerchmangoeste (Helogale parvula)
        • rûchhierrige dwerchmangoeste (Helogale hirtula)
      • skaai foksmangoesten (Cynictis)
        • foksmangoeste (Cynictis penicillata)
      • skaai grize stoksturtsjes of grize markatten (Paracynictis)
        • griis stoksturtsje of grize markat (Paracynictis selousi)
      • skaai kûsimansen (Crossarchus)
        • alexanderkûsimanse of Alexanders kûsimanse (Crossarchus alexandri)
        • Angoleeske kûsimanse (Crossarchus ansorgei)
        • gewoane kûsimanse (Crossarchus obscurus)
        • platkopkûsimanse (Crossarchus platycephalus)
      • skaai Libeariakûsimansen (Liberiictus)
        • Libeariakûsimanse (Liberiictis kuhni)
      • skaai streekte mangoesten (Mungos)
        • Gambiamangoeste (Mungos gambianus)
        • sebramangoeste (Mungos mungo)
      • skaai stoksturtsjes of markatten (Suricata)
        • stoksturtsje of markat (Suricata suricatta)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.