Malmesbury | ||
Polityk | ||
Lân | Ingelân | |
regio | Súdwest-Ingelân | |
greefskip | Wiltshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.969 (2021) | |
Oar | ||
Postkoade | SN16 | |
Koördinaten | 51° 35' N 2° 5' WE | |
Offisjele webside | ||
www.malmesbury.gov.uk | ||
Kaart | ||
Malmesbury is in stêd yn it greefskip Wiltshire yn Ingelân. De stêd leit oan 'e rivier de Avon.
Malmesbury is de âldste Borough fan Ingelân en is fanwegen de út 'e 12e iuw datearjende abdij bekend. It kleaster sels is lykwols âlder, want kening Æthelstan († 939) waard dêr begroeven.
In grut part fan de abdij is bewarre bleaun, alhoewol't brân en Hindrik VIII fan Ingelân dielen ferneatigen. Ien fan 'e bekendste muontsen út de midsiuwen wie de histoarikus Willem fan Malmesbury en de muonts Eilmer fan Malmesbury, oan wa't de earste sweefflucht yn 'e 11e iuw taskreaun wurdt.
Sjoch ek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Malmesbury, Wiltshire fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.