Makro-Sjê-talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Makro-Gê-talen, Makro-Jê-talen | |
lokaasje | sintraal Brazylje | |
tal talen | ±40 | |
tal sprekkers | ±52.000 (1989-2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalfamylje | |
subgroepen | ● Borôroaanske talen ● Botokûdoaanske talen ● Jabûtyske talen ● Kamakaanske talen † ● Karazja ● Kariry-talen † ● Masjakalyske talen ● Ofajee ● Poeryske talen † ● Rikbaktsa ● Sjê-talen |
De Makro-Sjê-talen (neffens de Portegeeske stavering ek: Makro-Gê-talen of Makro-Jê-talen) foarmje in middelgrutte taalfamylje yn sintraal, eastlik en súdlik Brazylje en in lyts diel fan súdeastlik Bolivia. De groep omfiemet likernôch 40 ûnderskate Yndiaanske talen, wêrfan't sûnt de njoggentjinde iuw 22 útstoarn binne, wylst 6 oaren no op it punt steane om út te stjerren. De Makro-Sjê-talen waarden yn 1926 foar it earst as byinoarhearrende taalfamylje foarsteld. De kearn fan 'e Makro-Sjê-talen wurdt foarme troch de Sjê-talen, wylst hast alle oare tûken no noch mar út heechút ien libbene taal besteane.
Opbou
De Makro-Sjê-talen besteane út alve tûken. De kearn fan 'e taalfamylje wurdt foarme troch de Sjê-talen, in groep dy't sa'n sechstjin talen omfiemet, wêrfan njoggen libbene. De Borôroaanske talen, de Botokûdoaanske talen en de Masjakalyske talen omfetsje allegear noch mar ien libbene taal, wylst de Kamakaanske talen, de Kariry-talen en de Poeryske talen hielendal útstoarn binne. De Jabûtyske talen omfiemje (anno 2009) noch twa libbene talen, mar beide hawwe dy minder as fiif sprekkers. It Karazja (Karajá), it Ofajee (Ofayé) en it Rikbaktsa (Rikbaktsá), ta einbeslút, binne isolearre talen binnen de Makro-Sjê-famylje, sûnder neiere sibben.
By it boppesteande moat oantekene wurde dat de ûnderstelde taalbesibskip op basis fan opmurken leksikale parallellen fan 'e Kamakaanske en Poeryske talen mei de oare Makro-Sjê-talen noch befêstige wurde moatte mei rekonstruksjes. De yndieling fan 'e Poeryske talen draait om 'e twifelige yndieling yn dy groep fan it Koropo (Coropó); as dy taal ynstee by de Masjakalyske talen pleatst wurdt, sa't guon taalkundigen dogge, ferdwine de oerienkomsten fan 'e restearjende Poeryske talen mei de Makro-Sjê-talen.
Yn it ferline binne noch ferskate oare talen oan 'e Makro-Sjê-famylje tafoege. It Sjeiko (Jeikó) is in útstoarne taal dy't soms yn 'e Sjê-groep pleatst wurdt, mar soms ek los binnen de Makro-Sjê-talen. G.E. Kaufman dielde fierders it Fûlniô (Fulniô of Yatê) en it Gûato (Guató) by de Makro-Sjê-talen yn, en Joseph Greenberg die itselde mei it Oty (Otí) en Tsjikitano (Chiquitano), mar lettere taalkundigen, lykas Eduardo Ribeiro fan 'e Universiteit fan Chicago, hawwe foar sokke taalbesibskip gjin bewiis foar fine kind.
Tallen sprekkers
Alle libbene Makro-Sjê-talen mei-inoar hawwe goed 52.000 sprekkers, wat op in etnyske befolking fan 94.000 minsken delkomt op 55,3%. Fierwei de measte sprekkers prate ien fan 'e Sjê-talen, dy't mei-inoar 47.000 sprekkers hawwe. Ta dy groep hearre de Yndiaanske talen mei de grutste sprekkersoantallen fan Brazylje, te witten it Kaingang (Kaingáng), dat 18.000 sprekkers hat, it Sjavante (Xavante), mei 9.600 sprekkers, en it Kajapo (Kayapó), dat sprutsen wurdt troch 8.600 minsken. De grutste taal fan 'e perifeare Makro-Sjê-groepen is it Karazja (Karajá), mei 2.700 sprekkers.
Besibskip mei oare taalfamyljes
Der besteane ferskate hypotezes dy't de Makro-Gê-talen ferbine mei oare Yndiaanske taalfamyljes út Súd-Amearika. Dy binne lykwols allegear tige omstriden en beslist net algemien akseptearre. De Sjê-Pano-Karibyske talen ferbine bgl. de Makro-Sjê-talen mei de Makro-Panoaanske talen en de Karibyske talen.[1] In oar útstel foar in oerkoepeljende taalfamylje wurdt foarme troch de Sjê-Tûpy-Karibyske talen, dêr't de Makro-Sjê-talen yn gearfoege wurde mei de Tûpiaanske talen en de Karibyske talen. De Tûpiaanske talen wurde lykwols ek wol sjoen as ûnderdiel fan in oare supertaalfamylje, de Andeaansk-Ekwatoriale talen.
Underferdieling
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |