Makrielhaaien
In reuzehaai (Cetorhinus maximus).
In reuzehaai (Cetorhinus maximus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme:kaakdieren (Gnathostomata)
klasse:kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse:haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse:echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje:moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje:haaien (Selachii)
boppeskift:helmhaaien (Galeomorphi)
skift:makrielhaaien (Lamniformes)
L.S. Berg, 1958

De makrielhaaien (wittenskiplike namme: Lamniformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha) en it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi). De wittenskiplike namme fan dit skift is ôflaat fan it Grykske wurd lamna, dat letterlik "rôffisk" betsjut.

Beskriuwing

De makrielhaaien foarmje in taksonomyske groep dêr't guon fan 'e bekendste soarten haaien ûnder falle, lykas de wite haai (Carcharodon carcharias) en de reuzehaai Cetorhinus maximus). De leden fan dit skift ûnderskiede har fan oare haaien troch it besit fan twa rêchfinnen, in earsfin, fiif kiuwskreven, eagen sûnder in trêde eachlid en in mûle-iepening dy't oan 'e sydkanten fan 'e kop oant efter de eagen trochrint. Ek hawwe makrielhaaien, oars as oare haaien, in hegere lichemstemperatuer as it wetter dêr't se yn swimme.

Klassifikaasje

  • skift makrielhaaien (Lamniformes)
    • famylje breedtoskhaaien (Cardabiodontidae) †
      • skaai echte breedtoskhaaien (Cardabiodon) †
    • famylje foarhjerringhaaien (Eoptolamnidae) †
      • skaai Leptostyrax
    • famylje foksehaaien (Alopiidae)
      • skaai echte foksehaaien (Alopias)
        • foksehaai of gewoane foksehaai (Alopias vulpinus)
        • gruteachfoksehaai (Alopias superciliosus)
        • pelagyske foksehaai (Alopias pelagicus)
        • oare foksehaaiesoarten, noch net beskreaun
    • famylje gruttoskhaaien (Otodontidae) †
      • skaai Cretalamna
      • skaai karteltoskhaaien (Carcharocles) †
      • skaai Kenolamna
      • skaai Megalolamna
      • skaai Megaselachus
      • skaai Otodus
      • skaai ?Palaeocarcharodon
      • skaai Parotodus
    • famylje hjerringhaaien (Lamnidae)
      • skaai echte hjerringhaaien (Lamna)
        • hjerringhaai of noashaai (Lamna nasus)
        • salmhaai (Lamna ditropis)
      • skaai finmakrielhaaien (Isurus)
        • koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus)
        • langfinmakrielhaai (Isurus paucus)
      • skaai minskehaaien (Carcharodon)
        • hubbellminskehaai of Hubbells minskehaai (Carcharodon hubbelli) †
        • wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias)
    • famylje koboldhaaien (Mitsukurinidae)
      • skaai echte koboldhaaien (Mitsukurina)
        • koboldhaai (Mitsukurina owstoni)
    • famylje krieëhaaien (Anacoracidae) †
      • skaai Myledaphus
      • skaai Pseudocorax
      • skaai Squalicorax
      • skaai Telodontaspis
    • famylje krokkedilhaaien (Pseudocarchariidae)
      • skaai echte krokkedilhaaien (Pseudocarcharias)
        • krokkedilhaai (Pseudocarcharias kamoharai)
    • famylje reuzebekhaaien (Megachasmidae)
      • skaai echte reuzebekhaaien (Megachasma)
        • reuzebekhaai (Megachasma pelagios)
    • famylje reuzehaaien of grutte haaien (Cetorhinidae)
      • skaai echte reuzehaaien of echte grutte haaien (Cetorhinus)
        • reuzehaai of grutte haai (Cetorhinus maximus)
    • famylje sântigerhaaien (Odontaspididae)
      • skaai echte sântigerhaaien (Odontaspis)
        • gruteachsântigerhaai (Odontaspis noronhai)
        • lytstosksântigerhaai (Odontaspis ferox)
      • skaai karteltosksântigerhaaien (Carcharias)
        • sântigerhaai (Carcharias taurus)
    • famylje skerpnoashaaien (Cretoxyrhinidae) †
      • skaai echte skerpnoashaaien (Cretoxyrhina) †
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.