De Makkingeaster Aldjiersploech MOP Makkingaster Oudejaarsploeg is de âldjiersploech út Makkingea.

Doelstelling is it yn goede banen lieden fan de fiering fan Ald en Nij. Oant de oprjochtingsdatum wiene der faak fernielings. De MOP-ers komme op de Brink gear om harren stunt sjen te litten. Ferskate ferienings krije dan in presintsje oanbean. It jild wurdt oprûn troch slûven rûn te bringen dêr’t elk in frijwillige bydrage yndwaan kin. Ferienings met winsken of felet kjinne soks oanjaan mei in bryfke yn de slûf dy't letter wer ophelle wurdt. In oantal opfallende kadoos fan de lêste jierren wiene iisbaanferljochting, lûdsynstallaasje foar it doarpshûs, jild foar de skoalpleinkommisje en in piano foar de sjongferiening. Elk jier wurdt in fytstocht foar de fytsleafhawwers organisearre en de BOP-leden geane ien kear jiers op Mopreis. De bestimming fan de reis wurdt foarôf meast stil hâlden. De tredde sneon fan jannewaris is der in gesellige jûn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.