Majuro | ||
Polityk | ||
Lân | Marshalleilannen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25.400 (2004) | |
Oerflak | 9,71 km² | |
Befolkingsticht. | 2.618,56 / km² | |
Hichte | 0-3 m |
Majuro is de haadstêd en grutste stêd fan de Marshalleilannen. It plak leit op it tige smelle atol, Majuro.
Majuro hat in haven, in winkelsintrum, hotels en in ynternasjonale lofthaven. It bankwêzen en it toerisme wurde hieltyd wichtiger foar de stêd. De Marshall Islands Shipping Corporation ûnderhâldt boattsjinsten nei de oare eilannen fan de arsjipel.
Loftferkear
De lofthaven fan Majuro is ien fan de twa ynternasjonale fleanfjilden fan it lân. De nasjonale maatskippij Air Marshall Islands, ferbynt it atol mei 16 binnenlânske bestimmingen, ek mei de twadde lofthaven op Kwajalein. Ek de Guameeske nasjonale loftfeartmaatschappij Continental Micronesia fersoarget flechten nei Kwajalein, dêrneist stiet de maatskippij yn foar alle ynternasjonale ferbiningen, nammentlik dy nei Guam, Mikroneezje en de Feriene Steaten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Majuro fan Wikimedia Commons. |