De magnetyske súdpoal is it punt fan it ierdoerflak dêr't de súdpoal fan magneten nei ta lutsen wurde. Om't tsjinstelde magnetyske poalen elkoar oanlûke betsjut dat, dat dit magnetysk sjoen in noardpoal is.

Magnetyske deklinaasje fan de echte poal yn 2000.

Rotaasje

De rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt in magnetysk fjild op. De poalen fan de ierde binne de punten dêr't de linen fan it magnetyske fjild troch it ierdoerflak snije. Troch de asymmetry fan de izerkearn leit de magnetyske súdpoal net op de súdpoal. It plak fan de magnetyske súdpoal leit lykwols net fêst.

Lokaasje

James Ross ekspedysje

Krekt as nei de súdpoal hawwe der ek ekspedysjes west nei de magnetyske súdpoal. James Ross besocht de magnetyske poal per skip te finen, mar dy wie doe op it fêstelân fan Antarktika, dat hy koe dy net berikke. Hy koe jannewaris 1841 de lokaasje bepale as likernôch 75° 30' S - 154° E.

Ernest Shackleton ekspedysje

It selskip fan Edgeworth David, part fan in ekspedysje fan Ernest Shackleton, wienen de earsten dy't op 15 jannewaris 1909 de magnetyske súdpoal berikten, dy't doe al 370 km nei it noarden opskoot wie. Der wurdt no lykwols tocht dat se David mooglik op it ferkearde plak wie, en dat er op 71° 36' S - 152° E wêze moatten hie.

Resinte mjittings

Om 1960 hinne moat de magnetyske súdpoal it fêstelân ferlitten hawwe. Yn 1986 wie de magnetyske súdpoal al net mear op Antarktika, mar op 65°18' S - 140° E. Yn 1990 wie dat al opskoot nei 64°54' S - 138°54' E. En yn 1998 wie dit al 64°36' S - 138°30' E wurden. De magnetyske súdpoal skoot sa mei in gong fan tusken de 10 en 15 km op nei it noardwesten.

Mooglik beweecht de magnetyske súdpoal op deselde manier as de magnetyske noardpoal. Yn dit gefal is der in njonken dizze trochgeande beweging ek in deistige ovaalske beweging, dy't mooglik in fersteuring troch de sinne is.

Rjochting

It magnetyske fjild kin ek ûnder omstannichheden hielendal omkeare. Under oaren troch de rjochting yn magnetyske stiente is sichtber dat 500.000 jier lyn, it magnetysk fjild krekt oarsom wie. Ek earder hat it fjild him meardere kearen omkeard. Wat hjir de oarsaak fan is, is net wis.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.