Magdeburg | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen-Anhalt | |
Boargemaster | Lutz Trümper (SPD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 231.021 (2013) | |
Oerflak | 201 km² | |
Befolkingsticht. | 1150 km² | |
Hichte | 56 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET(UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de stêd |
Magdeburg is in stêd yn de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. De stêd oan de Elbe hie 230.456 ynwenners yn 2010.
Ut de skiednis
Yn 1035 krige Magdeburg stedsrjochten. Magdeburg is sûnt it jier 1882 in Dútske Großstadt.
Under de Twadde Wrâldoarloch waard de stêd hast folslein ferwoastge. Nei dy oarloch hearde de stêd fan 1949-1990 by de DDR en waard der net folle dien oan it restaurearjen fan it âlde stedsbyld. De dom waard wol restaurearre.
Keunst en kultuer
Museums
- Keunstmuseum Magdeburg yn it Kloster Unser Lieben Frauen mei in bûtendoar samling fan skulpturen yn Skulpturenpark Magdeburg
Teäters
- Poppeteäter fan Maagdeburg yn it stedsdiel Buckau
Kearnen
De stêd Magdeburg is yn 40 stedsdielen ferparte. Guon stedsdielen hawwe yn de rin fan de tiid troch útwreidings mear ûnderferdielingen krige.
Berne yn Magdeburg
- Georg Philipp Telemann (1681-1767), barokkomponist, dirigint
- Franz Seldte (1882-1947), oprjochter Stahlhelm en minister ûnder Hitler
- Friedrich Hochbaum (1894-1955), generaal
- Henning von Tresckow (1901-1944), generaal
- Gerd Michael Henneberg (1922-2011), akteur en teäterdirekteur
- Menahem Pressler (1923), Amerikaansk pianist
Partnerstêden
- Sarajevo || Bosnië en Herzegovina
- Braunschweig || Dútslân
- Nashville || Feriene Steaten
- Zaporizja || Oekraïne
- Radom || Poalen
- Harbin || Sina
- Le Havre || Frankryk
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.