Mae West | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mary Jane West | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 augustus 1893 | |
stoarn | 22 novimber 1980 | |
jierren aktyf | 1907–1978 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Mary Jane (Mae) West (17 augustus 1893, Brooklyn, New York City - 22 novimber 1980, Hollywood, Kalifornje) wie in Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, toanielskriuwster en sekssymboal, dy't yn de jierren 30 mei har suggestive, seksueel-tinte dialogen tige populêr waard, mar ek in soad kontroverze feroarsake. Dy dialogen wienen faak op de grins fan wat de sensuer noch tastean koe. West skreau al har teksten sels. Guon fan har útspraken wurde noch regelmjittich oanhelle, lykas: Come up an' see me some time en Is that a gun in your pocket, or are you just glad to see me?.
West har populêrens wie yn de tritiger jierren op it hichtepunt. Yn 1935 wie hja de bêst betelle froulike artyste yn de Feriene Steaten.
Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as Klondike Annie en Go West Young Man (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.
Yn 1940 spile hja tegearre mei W.C. Fields yn de súksesfolle film My Little Chickadee. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei The Heat's On út 1943 stoppe sy mei films en gie se de nachtklubs en it teäter yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren Ingelân en Las Vegas. By har shows yn Las Vegas hie West bodybuilders om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.
Yn 1959 skreau hja har autobiografy Goodness Had Nothing To Do With It. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, Myra Breckinridge yn 1970 en Sextette ym 1978. Yn 1980 stoar Mae West nei in stikmannich beroerten mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.
Mae West hat ien kear troud west, mei Frank Wallace fan 11 april 1911 oant 21 july 1942. Hja hat dat nea tajaan wollen en se hawwe nea ûnder ien dak wenne.
Filmografy
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1932 | Night After Night | Maudie Triplett | |
1933 | She Done Him Wrong | Lady Lou | |
I'm No Angel | Tira | ||
Hollywood on Parade No. A-9 | Harsels | Koart ûnderwerp | |
Hollywood on Parade No. B-5 | Harsels | Koart ûnderwerp | |
1934 | Belle of the Nineties | Ruby Carter | |
1935 | Goin' To Town | Cleo Borden | |
The Fashion Side of Hollywood | Harsels | Koart ûnderwerp | |
1936 | Klondike Annie | The Frisco Doll/Rose Carlton/Suster Annie Alden | |
Go West, Young Man | Mavis Arden | ||
1937 | Every Day's a Holiday | Peaches O'Day | |
1940 | My Little Chickadee | Flower Belle Lee | |
1943 | The Heat's On | Fay Lawrence | |
1970 | Myra Breckinridge | Leticia Van Allen | |
1978 | Sextette | Marlo Manners/Lady Barrington |
Op Broadway
Datum | Produksje | Rol | Oantekenings |
---|---|---|---|
septimber 22-30, 1911 | A La Broadway | Maggie O'Hara | |
novimber 20, 1911-febrewaris 24, 1912 | Vera Violetta | West ferliet de show by foarbeskôging | |
april 11-septimber 7, 1912 | A Winsome Widow | Le Petite Daffy | West ferliet de show fuort nei't er iepene wie |
pktober 4, 1918-Juny 1919 | Sometime | ||
augustus 17-septimber 10, 1921 | The Mimic World of 1921 | ||
april 26, 1926-maart 1927 | Sex | Margie LaMont | Skreaun troch Jane Mast (West) |
jannewaris 1927 | The Drag | ||
novimber 1927 | The Wicked Age | Evelyn ("Babe") Carson | |
april 9-septimber 1928 | Diamond Lil | Diamond Lil | |
oktober 1-2, 1928 | The Pleasure Man | allinnich skriuwer | |
septimber 14 - novimber 1931 | The Constant Sinner | Babe Gordon | |
augustus 2, 1944-jannewaris 13, 1945 | Catherine Was Great | Catherine II | |
1945-1946 | Come On Up | Toer | |
septimber 1947 - maaie 1948 | Diamond Lil | Diamond Lil | Feriene Keninkryk en Skotlân |
febrewaris 5-26, 1949 septimber 7, 1949-jannewaris 21, 1950 |
Diamond Lil | Diamond Lil | oant West letter har ankel bruts. |
septimber 14 - novimber 10, 1951 | Diamond Lil | Diamond Lil | |
july 7, 1961 - lêste kear net wis | Sextette | Edgewater Beach Playhouse |
Oare spullen as skriuwer
Jier | Rol | Oantekenings |
---|---|---|
1921 | The Ruby Ring | Vaudeville playlet |
1922 | The Hussy | Net makke |
1930 | Frisco Kate | Net makke |
1933 | Loose Women | Utfierd yn 1935 mei as titel Ladies By Request |
1936 | Clean Beds | Hja ferkoft de bewurking oan George S. George, dy't produsint wie in net slagge bewurking. |
Trivia
- Alliearde soldaten neamden harren rêdingfesten, yn de Twadde Wrâldkriich, "Mae Wests", faaks om't it fest tinken die oan de grutte boarsten fan dizze aktrise.
- It keunstwurk 'De lippen fan Mae West' fan Salvador Dali hat har wierskynlik noch ferneamder makke as dat hja al wie. It is in rôze siden bank yn de foarm fan in gleone mûle.