In Madonna-piercing.

In Madonna-piercing is in lippiercing dy't oan 'e rjochterkant fan it gesicht troch de boppelippe oanbrocht wurdt, en bedoeld is om it ferneamde deaplakje fan sjongster Madonna nei te bearen. Yn dizze piercing, dy't hast útslutend foarkomt by froulju, wurdt ornaris in stielen steafke droegen mei in rûn boltsje oan 'e beide úteinen, hoewol't guon minsken oan 'e bûtenkant it boltsje ferfange troch in sieraad mei in fûnkelstientsje. De Madonna-piercing wurdt gauris betize mei de saneamde Monroe-piercing (dy't it deaplakje fan aktrise Marilyn Monroe neibeare moat), mar dy wurdt oan 'e lofterkant fan it gesicht troch de boppelippe hinne oanbrocht. As men sawol in Madonna- as in Monroe-piercing hat, wurdt sprutsen fan in angelbite ("ingelbyt").

It meitsjen fan in Madonna-piercing kin in tige pynlike oangelegenheid wêze, mei't der yn dit diel fan it gesicht in protte senuwen gearkomme. Boppedat bestiet der in lyts, mar net te ferwaarleazgjen gefaar dat de boppelipslachier rekke wurdt. Daliks nei it piercen fan dit diel fan it gesicht sil it wang sterk opsette, mar dat lûkt rillegau wer fuort en de groedefoarming is minimaal. In Madonna-piercing moat nei it oanbringen goed skjinholden wurde, sawol oan 'e bûten- as oan 'e binnenkant, mei't dit soarte fan piercing maklik ûntstekt. Hoewol't piercers yn 'e regel in genêzingstiid fan 8 oant 12 wiken opjouwe, is in Madonna-piercing faak al mei 3 oant 6 wiken genêzen.

Krekt as by oare lip-, wang- en tongpiercings bringt in it sieraad dat troch in Madonna-piercing droegen wurdt faak bliuwende skea ta oan it gebit en kin it ek ta gefolch hawwe dat it toskfleis him weromlûkt dêr't dat oanhâldend mei it sieraad yn kontakt komt. Dêrtroch komme de toskhalzen bleat te lizzen dy't net troch glazuer tsjin oantaasting beskerme wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.